Toer fan Furdgum

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tsjerketoer fan Furdgum)
toer fan Furdgum
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Furdgum
adres Camstrawei 7
koördinaten 53°14′55″ N 5°33′34″ E
bysûnderheden
type bouwurk toer
subtype tsjerketoer
boujier 13e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8632

De toer fan Furdgum is in frijsteande tsjerketoer yn it doarp Furdgum, yn it noardwesten fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Midsiuwske tsjerke fan Furdgum waard boud yn 'e trettjinde iuw en wie foar de Reformaasje wijd oan 'e hillige Nikolaas fan Myra (Sinteklaas). Dit tsjerkegebou rekke lykwols geandewei de achttjinde iuw yn ferfal, en waard yn 1794 sloopt. Sûnt is de âlde tsjerketoer in frijsteande toer.

It is in sealdaktoer, besteande út trije gearstallings, dy't middenmank it tsjerkhôf fan Furdgum op in terp stiet. Boppe yn 'e toer hinget in liedklok út 1481 fan 'e brûnsjitter Warnerus. Yn 1922 waard de toer restaurearre op basis fan plannen fan arsjitekt G.J. Veenstra. Dêrby waarden de geveltoppen foarsjoen fan in klimmend bôgefries. Yn 1986 fûn jitris in algehiele restauraasje plak. De toer fan Furdgum is in ryksmonumint.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald, et al., Fryslân: Monumenten in Nederland, Deel 6, Seist/Swol, 2000 (Rykstsjinst foar de Monumintesoarch/Utjouwerij Waanders), ISBN 9 04 00 94 764.