Springe nei ynhâld

Tsjerke fan de Ikoan fan de Mem Gods "Freugde fan al dy't treurje" (Sint-Petersburch)

Ut Wikipedy
Tsjerke fan 'e Ikoan fan 'e Mem Gods "Freugde fan al dy't treurje
Церковь иконы Божией Матери «Всех скорбящих Радость»
Lokaasje
lân Ruslân
plak Sint-Petersburch
adresPr. Оbûchоvskоi Оbоrоny, 22
koördinaten59° 54' N 30° 24' E
Arsjitektuer
arsjitektAleksander von Hohen
Aleksander Ivanov
boujier2017-2022
monumintale statuskultureel erfgoed
monumintnûmer7830180000
Webside
skorbyashenskaya.ru
Kaart
Tsjerke fan de Ikoan fan de Mem Gods "Freugde fan al dy't treurje" (Sint-Petersburch-Sintrum)
Tsjerke fan de Ikoan fan de Mem Gods "Freugde fan al dy't treurje"

De Tsjerke fan 'e Ikoan fan 'e Mem Gods "Freugde fan al dy't treurje" (Russysk: Церковь иконы Божией Матери «Всех скорбящих Радость») oan 'e Prospekt Оbûchоvskоi Оbоrоny yn Sint-Petersburch (Ruslân) is in yn 'e jierren 2017-2022 boude russysk-otterdokse tsjerke. De tsjerke is opdroegen oan in bekend ikoan fan 'e Mem Gods, dy't benammen fereare wurdt as beskermster fan minsken yn lijen en fertriet.

De tsjerke oan it begjin fan 'e 20e iuw.

De ferearing fan 'e ikoan sette yn 1888 útein, doe't in wûnder barde yn 'e 18e-iuwske Tichvinkapel by de keizerlike glêsfabryk yn it doetiidske doarp Klochki oan 'e lofter kant fan 'e Neva, no ûnderdiel fan Sint-Petersburch. By swiere tonger sloech de bliksem yn dy kapel. It fjoer sloech yn 'e kapel om him hinne en dêrby foelen der munten út de kollektepot foar de earmen, dy't op 'e ikoan telâne kamen. It fjoer sparre de ikoan, mar der bleane tolve munten oan de ikoan plakken (letter foel der ien ôf). Dêrnei krige de ikoan de tafoeging "mei de pinningen" en de ikoan krige namme om't der twa genêzings plakfûnen, dy't oan 'e ikoan taskreaun waarden.

Sadwaande moast op by plak fan 'e kapel in nije tsjerke boud wurde, dêr't yn 1898 mei útein set waard. Meiïnoar waard der 167.000 rûbel ynsammele en keizer Aleksander III, dy't earder de kapel besocht hie, stelde persoanlik in stik grûn foar de nijbou beskikber. It projekt waard neffens it ûntwerpn fan 'e arsjitekten Aleksander von Hohen en Aleksander Ivanov útfierd en de keunstner Sergei Sadikov fersoarge it beskilderjen fan 'e muorren yn 'e tsjerke. Bysûnder wiene de glêzen krusen, dy't yn 1896 op 'e koepels set waarden.

De Tichvinkapel.

Wat letter as de bou fan 'e tsjerke waard de âlde kapel tusken 1907 en 1909 ferfongen troch in stiennen kapel neffens ûntwerp fan Aleksander von Hohen. Dy kapel bleau oant de dei fan hjoed bewarre. De kapel wie ûntwurpen foar 600 minsken.

Nei de Oktoberrevolúsje bleau de tsjerke ynearsten iepen, alhoewol't de preester fan 'e tsjerke yn jannewaris 1918 troch revolúsjonêren delsketten waard. Yn 1922 waarden de weardefolle saken fan 'e tsjerke yn beslach nommen. Dêrûnder ek de riza (de metalen beklaaiïng fan 'e ikoan).

De yn 1918 fermoarde preester Petr Skietrov.

De tsjerke bleau oant novimber 1932 iepen, yn 1933 of 1934 folge de sloop. De Tichvinkapel bleau noch oant 1938 tsjinst dwaan troch de oanhingers fan 'e Libbene Tsjerke. Leden fan 'e parochy bewarren yn it geheim de mirakuleuze ikoan en brochten dy ein jierren 1940 nei de Trije-ienheidstsjerke yn it distrikt Nevski.

De Tichvinkapel waard letter werom jûn oan 'e otterdokse mienskip en tsjinne sûnt 1992 wer as tsjerke foar de parochy. De grûn fan 'e tsjerke en de kapel waarden oerdroegen oan it bisdom Sint-Petersburch.

Ut archeologysk ûndersyk fan 2012 die bliken dat it mooglik wie om de tsjerke wer op 'e histoaryske fundearing op te bouwen. Mei help fan argyftekeningen en foto's waard yn 2017 útein set mei de rekonstruksje fan 'e tsjerke en op 5 augustus 2019 waard de mirakuleuze ikoan wer foar ien dei yn 'e nijbou útstald. Yn 'e hjerst fan 2020 waard in begjin makke oan it beskilderjen fan 'e tsjerke. Alle wurksumheden wiene yn novimber 2023 foltôge.

De ikoan wurdt noch jimmeroan fereare yn 'e Trije-ienheidstsjerke. Dy tsjerke is noch altiten in wichtich pylgerplak foar minsken dy't treast sykje by de Mem Gods.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Скорбященская церковь (Санкт-Петербург, проспект Обуховской Обороны)