Springe nei ynhâld

Tsjerke fan de Hillige Nikolaas yn Rûbleny Gorod (Jaroslavl)

Ut Wikipedy
Nikolaastsjerke

Никольская церковь

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Jaroslavl
plak Jaroslavl
adres Kotorosl nab. 8
koördinaten 57° 37' N 39° 53' E
Arsjitektuer
boujier 1695
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 761410338430006
Kaart
Tsjerke fan de Hillige Nikolaas yn Rûbleny Gorod (Jeropeesk Ruslân)
Tsjerke fan de Hillige Nikolaas yn Rûbleny Gorod

De Tsjerke fan de Hillige Nikolaas yn Rûbleny Gorod (Russysk: Церковь Николая Чудотворца в Рубленом Городе) is in otterdokske tsjerke yn 'e Russyske stêd Jaroslavl. De oan 'e rivier de Kotorosl steande tsjerke wurdt troch guon wurdearre as ien fan 'e meast harmonieuze en elegante bouwurken fan 'e stêd.

De Nikolaastsjerke yn Rûblenovo waard yn 1695 boud op kosten fan 'e ynwenners dy't anneks wiene mei de bou fan skippen (neffens boarnen leine der yn de buert fan 'e tsjerke werven).

It is de iennige 17e-iuwske tsjerke fan it eardere kremlyn fan Jaroslavl, dy't yn orizjinele foarm bewarre bleau. Al yn 1658 baarnden de houten pallisades en tuorren fan it kremlyn ôf en dêrnei waard útein set mei de bou fan in stiennen kremlyn. Ferskate tuorren waarden oplutsen, mar fanwegen brek oan jild slagge it net de muorren te bouwen en wat al foltôge wie waard yn 'e 18e iuw wer ôfbrutsen om't it kremlyn gjin funksje mear hie. Neffens guon ûndersikers soe de lytse parochytsjerke sels in poartetsjerke west hawwe kinne.[1]

De tsjerke yn 1918.

Yn 'e tsjerke binne gjin fresko's. De refter wie oarspronklik in oan Aleksander Svirski wijde kapel en waard letter feroare yn 'e wintertsjerke.[2]

De opstân yn Jaroslavl yn 1918 tsjin it Sovjet-rezjym feroarsake oeral yn 'e stêd gefjochten. Krektlyk as in soad oare tsjerken yn Jaroslavl rekke doe ek de Nikolaastsjerke skansearre troch de eksploazjes en besjittings. Yn itselde jier waard de skea opmakke, mar in pear jier letter waard de tsjerke dochs noch troch de autoriteiten sletten. Foar in lange tiid bleau de tsjerke leech stean, oant it gebou yn 1980 oerdroegen waard oan in restauraasje-atelier fan it Keunst Museum fan Jaroslavl. Ek tsjintwurdich is it museum noch eigner fan 'e tsjerke.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]