Tsjerke fan de Hillige Nikolaas yn Pyzjy

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Tsjerke fan de Hillige Nikolaas yn Pyzjy

Николаевская церковь

Church of StNicholas in Pyzhy.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
plak Flag of Moscow.svg Moskou
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1672
boustyl Tradisjoneel Russyske arsjitektuer
oare ynformaasje
webside moral.ru/church

De Tsjerke fan de Hillige Nikolaas yn Pyzjy (Russysk: Церковь Николая Чудотворца, что в Пыжах) is in otterdokse tsjerke fan it Moskvoretsky dekanaat yn it bisdom Moskou. It 17e-iuwske ryk dekorearre monumint stiet oan de Ulitsa Bolshaja Ordynka yn it Moskouse distrikt Zamoskvoretsje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In earste houten tsjerke op it plak datearre út 1594 en waard nei alle gedachten tagelyk boud mei de stifting fan de wyk foar it Strelets-rezjymint. Yn de twadde helte stie it hjir stasjonearre rezjimint ûnder befel fan Potap Klementevitsj Pyzjov, dy't syn namme oan it gebiet joech. De bou fan de tsjerke giet werom op it jier 1672 (of neffens oare boarnen op 1657). Yn 1691 waarden der kapellen oanboud ta eare fan Antonius en Teodosius en ta eare fan Nikolaas. Alhoewol't it haadalter fan de tsjerke wijd waard oan de erkundiging, krige de tsjerke de namme Nikolaastsjerke. De klokketoer waard yn de jierren 1691-1692 boud.

Nei de ferwoastging fan de tsjerke yn 1812 fûn der fan ôf 1848 in desinnia duorjende restauraasje plak.

Tidens it Sovjet-rezjym waard de tsjerke yn 1934 sletten, nei't de tjerke al earder yn de jierren 1920 plondere wie. In ikoan fan Kristus Pantokrator waard oerdroegen oan de Tretjakov Gallery. De klok waard nei it Bolsjojteater brocht en letter troch de katedraal fan Jelochovo oanskaft, nei't de âlde tsjerkeklok sprongen wie. Ferskillende organisaasjes makken yn dy tiid gebrûk fan de tsjerke.[1]

Yn 1990 krige de Russysk-Otterdokse Tsjerke it gebou werom. Regelmjittige tsjerketsjinsten wurde wer sûnt 11 july 1991 fierd. De resinte ikonostase waard makke troch I.V. Klimenko en yn de Nikolaaskapel binne muorrefresko's út de 19e iuw fan A. Sokolov.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]