Tsjerke fan de Hillige Nikolaas yn Chamovniki

Ut Wikipedy
Nikolaastsjerke

Николаевская церковь

Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
adres Ul. Leo Tolstoj, 2
koördinaten 55° 43' N 37° 35' E
Arsjitektuer
boujier 1679-1682
boustyl barok
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7710407000
Webside
nikola-khamovniki.ru
Kaart
Tsjerke fan de Hillige Nikolaas yn Chamovniki (Moskou)
Tsjerke fan de Hillige Nikolaas yn Chamovniki

De Tsjerke fan 'e Hillige Nikolaas yn Chamovniki (Russysk: Церковь Cвятителя Николая Чудотворца в Хамовниках) is in 17e iuwske otterdokske tsjerke yn it stedsdiel Chamovniki yn Moskou, Ruslân. Bysûnder is dat de foar de keninklike wevers boude tsjerke yn 'e kommunistyske de hiele tiid iepen bleau foar de earetsjinst.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

De nei alle gedachten doe noch houten tsjerke op it plak waard foar it earst yn 1625 neamd. De mei fiif koepels bekroande haadtsjerke waard tusken 1679 en 1682 ûnder it regear fan tsaar Fjodr Aleksevitsj boud en op 25 juny 1682 konsekrearre. De klokketoer en de refter waarden efkes letter foltôge. Neffens de tsjerke is de klokketoer fan Chamovniki ien fan Moskou's heechste tuorren yn tintefoarm. In oan Dmitry fan Rostov wijde oanbou folge yn 1757. It stekk en de poarte datearje út it begjin fan 'e 19e iuw.

De yn 'e styl fan de Moskouse barok boude tsjerke rekke yn 1812 slim skeind en waard pasyn 1849 weriepene. Krekt foar dy tiid, yn 1848, krige de tsjerke in tige fereare ikoan, in kopy fan it ikoan fan de Teotokos "Boarch fan de Sûnders". De tsjerke besit ek 17e-iuwske ikoanen fan 'e hillige Aleksis en Hodegetria fan Smolensk. Yn 2002 joech de parochy it ikoan fan de Aartsingel Michael oan 'e op 'e nij iepene Michaeltsjerke, de tsjerke fan de Medyske Universiteit fan Moskou.

Nei 1849 bleau de tsjerke iepen, ek yn 'e tiid fan de Sovjet-Uny. Krekt lykas by oare tsjerken waard wol de grutste klok konfiskearre, dy't yn 1992 ferfongen waard troch in nije klok. Yn 1949 en 1972 folgen restauraasjes fan it ekterieur.

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ien fan 'e bekendste parochianen fan 'e Nikolaastsjerke wie Leo Tolstoj, dy't noardlik fan 'e tsjerke wenne.
  • De oan 'e Nikolaastsjerke ferbûne preester Pavel Lepekhin tsjinne hjir fan 1912 oant 1960, ien fan 'e langste amtsperioades fan in preester yn 'e otterdoksy.
  • De Nikolaastsjerke stie model foar de tusken 1995 en 2003 boude Tsjerke fan Us Mem fan Skoroposlusjnitsa yn 'e Sibearyske stêd Kiseljovsk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of St. Nicholas in Khamovniki