Tsjerke fan de Hillige Apostels (Atene)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Agii Apostoli

Αγιοι Αποστολοι Αθηνα

Athens, Greece - panoramio (146).jpg
lokaasje
lân Flag of Greece.svg Grikelân
plak Flagge fan Atene.png Atene
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 10e iuw
boustyl Byzantynske arsjitektuer

De Tsjerke fan de Hillige Apostels, ek bekend ûnder de namme Hillige Apostels fan Solaky (Gryksk: Άγιοι Απόστολοι Σολάκη) of Agii Apostoli (Gryksk: Αγιοι Αποστολοι Αθηνα), is in tsjerke njonken it Stoa fan Attalos yn de âlde agoara fan Atene, Grikelân. De bou fan de tsjerke wurdt datearre oan it ein fan de 10e iuw.

Fresko yn de Agii Apostoli

Solakis soe de famyljenamme wêze kinne dy't in lettere renovaasje fan de tsjerke betelle hat. De namme Solaky soe ek in ferwizing wêze kinne nei it tichtebefolke gebiet om de tsjerke hinne yn de 19e iuw.

De tsjerke is benammen fan belang om't it, oars as de timpel fan Hephaistos, it iennige monumint yn de agoara is dy't sûnt de stifting yntakt bleaun is. Ek de arsjitektuer fan de tsjerke is wichtich: it wie de earste belangrike tsjerke út de middelste Byzantynske perioade yn Atene. De tsjerke markearre it begjin fan it saneamde "Ateenske type", in troch fjouwer pylders droegen krúskoepeltsjerke. Ut waarnimmings fan eardere restauraasjes en rekonstruksjes binne fjouwer ferskate boufases te ûnderkieden. It oarspronklik plan fan de tsjerke is in krús mei in apsis oan fjouwer siden en in westlike narteks mei fjouwer pylders, dy't de koepel drage. It alter en de flier wiene oarspronklik fan moarmer. De tegels oan de bûtenmuorren binne mei dekorative Kûfyske motiven fersierd.

De tsjerke is tusken 1954 en 1957 werom brocht yn de oarspronklike foarmen. Fan de fresko's yn de tsjerke binne der allinne 17e-iuwske fragminten bewarre bleaun. Ek fresko's fan oare tsjerken binne yn de Aposteltsjerke ûnderbrocht.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of the Holy Apostles, Athens