Tsjerke fan Us Ferlosser yn de Stêd (Jaroslavl)

Ut Wikipedy
Ferlossertsjerke

Спасская церковь

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Jaroslavl
plak Jaroslavl
adres Ul. Andropova
koördinaten 57° 37' N 39° 53' E
Arsjitektuer
boujier 1695
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 761710739470006
Webside
(ru) Side fan de tsjerke
Kaart
Tsjerke fan Us Ferlosser yn de Stêd (Jeropeesk Ruslân)
Tsjerke fan Us Ferlosser yn de Stêd

De Tsjerke fan Us Ferlosser yn de Stêd (Russysk: Церковь Спаса на Городу) is in 17e-iuwske otterdokske tsjerke yn Jaroslavl, Ruslân. De tsjerke heart by it sintrale dekanaat Jaroslavl fan it bisdom Jaroslavl-Rostov en stiet yn it sintrum fan 'e stêd (fandêr de tafoeging на Городу - na Gorod; 'yn 'e Stêd').

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard op it plak fan in âldere houten tsjerke boud, wêrfan't de skiednis werom giet op it tiidrek fan it Foarstedom Jaroslavl, dat bestie oant 1463. De tsjerke baarnde by de grutte stedsbrân yn 1658 ôf en waard fan 1672 oant 1695 op 'e nij fan stien boud. De fresko's fan 'e tsjerke waarden yn 1693 oanbrocht.

Yn 1694 waard oan 'e súdlike kant fan 'e tsjerke in oan 'e hillige martler Stefanus wijde kapel oanboud, dy't as (net ferwaarme) simmertsjerke tsjinje moast.

By de opstân fan Jaroslavl tsjin de bolsjewiken yn 1918 ûndergyng de tsjerke in soad skea troch in granaatynslach. De muorren fan 'e súdlike kapel waarden trochboarre en yn 'e jierren 1919-1920 en 1925-1926 waard der wurke oan it ferhelpen fan 'e skea.

Oan 'e ein fan 1926 waard de tsjerke troch de autoriteiten sletten foar de earetsjinst en oerdroegen oan it lokale museum. Yn 1930 waarden de krusen fan 'e sipels ferwidere. Nei't it gebou yn 1935 mei in beslút fan it Sintraal Utfierend Komitee ûnder beskerming pleatst waard, ferhierden de autoriteiten it gebou yn 1936 oan in sloperij om skroat yn op te slaan. Dêrnei krige de eardere tsjerke de funksje fan pakhûs foar ferskillende saken. Sûnt de jierren 1960 foel it gebou ûnder de lokale portefeuille fan Kulturele Saken en waarden der boeken opslein.

Tusken 1978 en 1981 fûn in restauraasje fan 'e Ferlossertsjerke plak, folge troch noch in restauraasje yn 1991-1993. Yn july 2003 waard it gebou lang om let wer oan it bisdom oerdroegen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:ru:Церковь Спаса на Городу]