Tsjerke fan Tytsjerk

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Tytsjerk
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel
plak Tytsjerk
adres Buorren 42
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1720; eastlike diel ein 19e iuw
boustyl Eklektisisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 512578
offisjele webside
Side fan de Prot. gemeente Tytsjerk

De Tsjerke fan Tytsjerk is de protestanske tsjerke fan Tytsjerk (gem. Tytsjerksteradiel). De tsjerke stiet oan de Buorren súdlik fan it doarp.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fitustsjerke foar de grutte ferbouwing yn maart 1892

Ut de fûneminten fan de tsjerke hat bliken dien dat der al tusken 1200 en 1300 in stiennen tsjerke stien hat, dy't yn it plak kaam fan in mooglik houten foargonger. It midsiuwske sealtsjerkje, dat oarsrponklik oan de hillige Fitus wijd wie, waard al yn 1719 ôfbrutsen en op it plak waard yn 1720 útein set mei de bou fan de tsjintwurdige tsjerke. Ta oantinken dêrfan waard in gevelstien mei it jiertal 1716 yn de foargevel ynbrocht. Sûnt hawwe der meardere ferbouwings west. Tsjin it ein fan de 19e iuw waard de tsjerke ferboud ta krústsjerke en waard der eastlik fan de tsjerke in dwersskip mei in fiifsidige apsis tafoege.

Westlik fan de tsjerke stie foarhinne in klokkestoel foar de liedklok. Yn 1800 waard foar de klok in nije toer oan de tsjerke boud, dy't yn 1904 neffens in ûntwerp fan W.C. de Groot (1853-1939) ferfongen waard troch de hjoeddeiske toer.

Nei in lange perioade fan jild ynsammeljen waard de toer fan de tsjerke yn de perioade 2009-2012 yn twa fases restaurearre. Ek it ynterieur, de glês-yn-lead-ramen yn de súdlike muorre en it doophek waarden renovearre.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel

It ynterieur fan de tsjerke waard yn 1949 feroare. Allinnich de preekstoel, it doophek en it oargel bleaune yntakt. De ikenhouten preekstoel en it doophek binne 18e-iuwsk. Yn de earms fan it dwersskip hingje buorden mei dêr op de Wet fan de Heare.

Yn de toer hinget in klok út 1608 dy't yn it Dútske Saksen getten waard. De klok waard yn de Twadde Wrâldkriich út de toer helle om omgetten te wurden, mar kaam nei de oarloch skeind út Dútslân werom. Yn 1973 is de klok restaurearre.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tolve registers tellende oargel fan de protestantske tsjerke waard boud troch Bakker & Timmenga út Ljouwert. Bakker & Timmenga fersoarge ek de restauraasje dy't it instrumint okkerdeis ûndergyng. Theo Jellema spile it oargel op 21 febrewaris 2016 wer yn.

Boarnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]