Tsjerke fan Stapelmoor
| Tsjerke fan Stapelmoor Stapelmoorer Kirche | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| regio | ||
| lânkring | ||
| plak | Stapelmoor | |
| adres | Große Stiege 1 | |
| koördinaten | 53°8' N 7°19' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Evangelysk-Grifformearde Tsjerke yn Dútslân | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | ± 1250-1275 | |
| boustyl | romanogotyk | |
| monumintale status | ||
| Webside | ||
| Side tsjerklike gemeente | ||
| Kaart | ||
De Tsjerke fan Stapelmoor (Dútsk): Stapelmoorer Kirche) is in protestantske krústsjerke yn it doarp Stapelmoor yn 'e Dútske gemeente Weener. It romanogoatysk bouwurk wurdt beskôge as ien fan 'e wichtichste sakrale gebouwen yn East-Fryslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard tusken 1250 en 1275 op in terp (Warft) boud as in wartsjerke. Dêrfan tsjûgje ek hjoed-de-dei de sjitgatten noch. De tsjerke wie ynearsten in filiaaltsjerke fan 'e tsjerke fan Aschendorf en ferfong nei alle gedachten in houten foargonger. De oanbuorjende pastorije kin neffens it midsiuwske skrift op 'e gevel op it jier 1429 datearre wurde. Dêrmei is ien fan 'e âldste pastorijen fan Dútslân.
Bou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke hat in plattegrûn fan in Gryksk krús, itjinge foar East-Fryslân útsûnderlik is. Nearne hat it gebou rjochte hoeken en oeral steane de muorren skeef. Oars as de krústsjerke fan Bunde ha der fierder gjin grutte ferbouwingen plakfûn. Oant de dei fan hjoed bleau de tsjerke yn al syn ienfâld itselde. It romanogoatyske bouwurk hat in sealtektoer mei dakruter, goatyske finsters en portalen, hoeklisenen, in fries ûnder de dakrâne yn in blokpatroan, op 'e dwersskippen trepfriezen en in trijelingfinster oan 'e eastkant. De sydapsiden oan 'e eastlike muorren fan it dwersskip binne net mear oanwêzich, mar oan it muorrewurk is te sjen wêr't se sitten ha.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ramt fan 'e reformaasje waard it alter út de tsjerke ferwidere. De fresko's fan 'e ferwulften ferdwûnen doe ûnder witerskalk en de finsters waarden fergrutte. Yn 1967 waarden de midsiuwske beskilderingen mei geometryske fersieringen, bisten en planten wer bleatlein. It ier-13e-iuwske mei in rankenfries fersierde doopfonte fan Bentheimer sânstien wurdt droegen troch fjouwer stillearre liuwen. De houten preekstoel waard om 1600 hinne boud, mar it seishoekige klankboerd is 19e-iuwsk. Oan 'e noardeastlike krusingspylder ferwiist in ynskrift nei it oarspronklike doksaal fan 'e tsjerke, wêrfan't resten yn it Heimatmuseum Rheiderland bewarre wurde.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Al yn 'e 16e iuw hie de tsjerke in oargel. Yn 'e rin fan 'e tiid waard dat oargel renovearre en om 1847 fergrutte. Yn 1912-1914 waard in nij oargel boud, wêrby't de letklassisistyske oargelkas bewarre bleau. Nei de Twadde Wrâldkriich waard mei behâld fan it âlde materiaal wer in nij ynstrumint boud. Yn 1994 boude in Dútsk-Frânsk team fan oargelbouwers (Bartelt Immer, Reinalt Klein en Claude Jaccard) it hjoeddeiske oargel, dat in andert op it ferneamde Frânsk-klassisistyske oargel út 1734 fan Louis Alexandre Clicquot is. Dêrmei waard it ferskaat oan oargels yn East-Fryslân ferrike. It oargel hat 23 registers op trije manualen en pedaal.
Pastorije
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oanbuorjende pastorij datearret neffens it goatyske skrift út 1429. De pastorij fertsjintwurdiget de styl fan 'e Eastfryske stinzen en foarmet mei de tichteby lizzende stins fan 'e lokale haadling en de tsjerke in monumintaal gebouwekompleks.
Fresko's ferwulft
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch de:Stapelmoorer Kirche.
|
