Tsjerke fan Oostwoud
| Tsjerke fan Eastwâld | ||
| Lokaasje | ||
| dielsteat | ||
| gemeente | ||
| adres | Eastsein 44 | |
| koördinaten | 52°43' N, 5°5' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | PKN | |
| Arsjitektuer | ||
| sloopjier | 1753 | |
| monumintale status | ryksmonumint | |
| monumintnûmer | 30667 (tsjerke) 30668 (toer) | |
| Webside | ||
| www.pg-thomas.nl | ||
| Kaart | ||
De Tsjerke fan Eastwâld is in protestantsk tsjerkegebou oan 'e Eastein yn it Noard-Hollânske Eastwâld (offisjeel: Oostwoud). De tsjerke foarmet mei de toer en konsistoarje in ryksmonumint.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke mei in fiifsidich koer datearret fan 1753. Oan it ein fan 'e 19e iuw waard in noardlike dwersearm oanboud, dy't lykas it haadskip ek fiifsidich sletten is. Oan 'e súdeastlike gevel betinkt in gevelstien de bou fan 'e tsjerke.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke hat in preekstoel út it twadde fearn fan 'e 17e iuw mei in koperen doopbekken. De koperen lessener foar de foarsjonger is 18e-iuwsk. Fierder hinget der in psalmbuordsje út 1769.
Yn 'e toer hinget in klok fan Hendricus Nieman út 1616. It mechanysk oerwurk datearret fan 1880 en krige letter elektryske opwining.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e tsjerke stiet in twamanualich oargel fan 'e bruorren van Dam út 1874. Yn 1930 binne der in pear feroaringen oan it oargel útfierd, dy't by de restauraasje fan it oargel yn 2013 hanthavene waarden.[1]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |