Tsjerke fan Odsun

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Odsun

Օձունի վանք

bouwurk
lokaasje
lân Armeenje
Provinsje Lori
plak Odsun
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 5e oant 7e iuw iuw

De Tsjerke fan Odzun (ek Kleaster fan Odzun; Armeensk Օձունի վանք) is in 6e iuwsk tsjerkegebou yn it doarp Odzun yn de Armeenske provinsje Lori.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alhoewol't histoaryske boarnen ûntbrekke oer de krekte âldens fan it gebou, wurdt op grûn fan ûndersyk oer de konstruksje, in ynskripsje, de dekoraasje yn de tsjerke en guon arsjitektoanyske details rûsd dat de tsjerke earne yn it midden fan de 6e iuw boud waard. Yn de rin fan de tiid waard de tsjerke ferskate kearen wer opboud en restaurearre. De lêste restauraasje waard mei help fan it Polytechnyske Universiteit fan Milaan útfierd yn 2012-2014.

It oansjen fan de hjoeddeiske tsjerke datearret út in weropbou fan de 8e iuw. De trijeskippige tsjerke mei smelle sydskippen is boud fan roze felsyt wylst yn de tsjerke basalt brûkt is. De tsjerke waard oan de noardlike, súdlike en westlike kant omklamme troch in kleastergong, wêrfan't hjoeddedei allinne de súdlike en noardlike noch steane. De súdlike kleastergong is mei bôgen iepen, wylst de westlike bestiet út in rûnbôgige tagong en in bline muorre sûnder iepenings.

De tsjerke hat in tonferwulft, wylst de tamboer in ribferwulft hat. Oan de gevel binne ferskillende reliëfs te sjen, dy't foar in part dreech te tsjutten binne.

De lytse klokketuorkes oan de westlike kant fan de tsjerke binne 19e iuwske tafoegings.

Grêfmonumint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grêfmonumint

Njonken it grutte tal grêfstiennen om de tsjerke hinne is der ek in nijsgjirrich grêfmonumint. Yn de bôgefoarmige iepenings fan it mei ûnbidich grutte blokken stien boude monumint steane twa obelisken mei byldhouwurk. Oan de eastlike en westlike kant fan it monumint binne reliëfs te sjen fan bibelske foarstellings en fan de ynfiering fan it kristendom yn Armeenje. De noardlike en súdlike kant litte geometryske en florale dekoraasjes sjen. Ofgeande op de styl soe it monumint út de 6e iuw datearje kinne. It monumint waard skonken troch in Yndiaaske kening út tankberens foar de help fan in Armeenske generaal dy't út Odzun ôfkomstich wie. In soartgelikens monumint is te sjen in Aghudi yn de súdlike Armeenske provinsje Syunik.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: