Tsjerke fan Nuis

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Tsjerke fan Nuis

Kerk van Nuis

(2) Hervormde Kerk, Nieuweweg 29, Nuis.JPG
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
gemeente Westerkwartier vlag.svg Westerkertier
plak Nuis Niebert wapen.svg Nuis
adres Nijewei 29
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 13e iuw1230)
boustyl Romanogotyk
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 28294
webside Side tsjerklike gemeente

De Tsjerke fan Nuis is in midsiuwske sealtsjerke yn it doarp Nuis yn it Grinslânske Westerkertier. Eigner fan it ryksmonumint is sûnt 6 july 2001 de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken; de tsjerke wurdt regelmjittich brûkt troch de Protestanske gemeente Niebert-Nuis.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke is yn de omkriten in seldsum foarbyld fan de romanogotyk. It gebou stiet op in heech punt fan in sânrêch yn de noardlike kearn fan Nuis. Oant yn de 19e iuw waard de tsjerke troch in grêft en hege ikebeammen omklamme. Grêf en beammen moasten ferdwine fanwegen de úwreiding fan it tsjerkhôf. Eartiids waard it earme folk benoarden fan de tsjerke te rêste lein, súdlik fan de tsjerke fûnen de eigners fan de pleatsen harren lêste rêstplak.

Eksterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lisenen ferdiele de noardlike en súdlike muorre yn trije traveeën. De muorren hawwe heech lizzende finsters dy't mei siermitselwurk tichtset binne. Yn de 18e iuw binne in tal rûnbôgefinsters ynbrocht. De eastlike gevel datearret noch folslein út de 13e iuw en dêr is de romanogoatyske styl fan de tsjerke goed te ûnderskieden. De muorre is fersierd mei sparfjilden mei bôgefriezen. De trije sintrale finsters yn it ûnderste diel fan de muorre binne finsters dy't oarspronklik iepen wiene en letter tichmitsele binne. De oarspronklike noardlike en súdlike yngong binnen tichset. In dakruter mei in sealtek waard yn 1873 ferfongen troch it hjoeddeiske tuorke mei in nudlespits. Yn de dakruter hinget in klok út 1777, getten troch J. Borchard út Inkhuzen. Tsjin it ein fan de 19e iuw waard oan de westlike muorre in isolearjende dikke muorre mitsele. It portaal stamt út 1906 en is in ûntwerp fan de arsjitekt T. Glastra út Mearum.

Oargel

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 18e iuwske preekstoel stiet oan de eastlike muorre yn it ferhege koer en is dekorearre mei de symboalen fan de fjouwer jiertiden. Yn de flier fan it koer lizze de sarken fan de eigners fan de Coendersboarch (Fossema, Auwema en Van Teyens). Ek yn it koer steane twa hearebanken út de 18e iuw en in nachtmielstafel út 1809. By in restauraasje fan de tsjerke yn de jierren 1980 waard rjochts fan de preekstoel in goatyske piskina ûntdutsen. Yn de tsjerke hingje tolve rútfoarmige roubuorden fan de famyljes Fockens en Van Teyens, dy't oarspronklik yn de herfoarme tsjerke fan Beetstersweach hongen. Yn de Frânske tiid moasten de buorden út de tsjerke ferwidere wurde. Se waarden opslein yn de Coendersboarch en kamen letter yn it besit fan de tsjerkfâldij fan Nuis.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant 1953 waard de sang begelaat troch in harmoanium. Yn dat jier boude J. van der Bliek it piipoargel yn de tsjerke. Dêrby makke de oargelbouwer gebrûk fan it 17e iuwske piipwurk fan it oargel fan de Huzumer tsjerke. It neogoatyske oargelfront is ôfkomstich út in oare Fryske tsjerke. De oargelgalerij moast doedestiids foar de bou fergrutte wurde. It ienmanualige ynstrumint hat 6 stimmen en in oanhongen pedaal.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Kerk van Nuis