Tsjerke fan Nijeberkeap

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Alde begraafplak dêr't oant ± 1830 de tsjerke stie
Atlas Maior fan Joan Blaeu (1662) mei de tsjerke fan Nijeberkeap

De tsjerke fan Nijeberkeap stie oarspronklik op it begraafplak fan Nijeberkeap en waard ôfbrutsen om 1830 hinne.

Tekening troch Jacobus Stellingwerff

De tsjerke fan Nijeberkeap is ein 17e of begjin 18e iuw tekene troch de tekener Jacobus Stellingwerff (1667–1727). De tsjerke lei doe yn de midden fan it doarp oan de eardere buorren, dy't rjochting Aldeberkeap rûn. It doarp waard yn de rin fan de tiid nei it súdeasten ferpleatst. De tsjerke waard ±1830 ôfbrutsen[1]. Op it stee dê't ea de tsjerke stien hat stiet no op it begraafplak fan Nijeberkeap in klokkestoel mei sealdak. De klokketoer is erkend as ryksmonumint.

De tagong nei it tsjerkhôf wurdt foarme troch in gerspaad, dat eartiids de Lykwei neamd waard. Dit paad sil ûnder mear mei help fan gemeentebydragen fan Eaststellingwerf en de provinsje Fryslân út it budzjet Plattelânsprojekten ferbettere wurde.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Als bloemen bij het graf - Nijeberkoop
  2. Steun foar opknappen paad nei tsjerkhôf Nijeberkeap