Tsjerke fan Jennelt
| Tsjerke fan Jennelt Jennelter Kirche | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| regio | ||
| lânkring | ||
| plak | Jennelt | |
| adres | Knyphausenstr. 5 | |
| koördinaten | 53°27' N 7°7' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Evangelysk-Grifformearde Tsjerke yn Dútslân | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 2e helte 13e iuw | |
| boustyl | romanogotyk | |
| monumintale status | ||
| Webside | ||
| jennelt.reformiert.de | ||
| Kaart | ||
De Tsjerke fan Jennelt (Jennelter Kirche) is de tsjerke fan 'e grifformearde gemeente yn it Eastfryske Jennelt (gemeente Krummhörn), Nedersaksen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om't it terpdoarp Jennelt al yn 'e 8e-9e iuw as 'Geinleth' neamd waard, wurdt der tocht dat de hjoeddeiske tsjerke in foargonger hân hat. Dêrfan binne lykwols gjin resten fûn. De hjoeddeiske tsjerke waard as sealtsjerke yn 'e twadde helte fan 'e 13e iuw oan 'e westkant fan it lange doarp boud.
De tsjerke waard mei de ynfiering fan 'e reformaasje oan 'e nije liturgyske eaksen oanpast. De bylden waarden út 'e tsjerke helle en it ynterieur waard ferboud ta in kalvinistyske preektsjerke. De preekstoel krige in sintraal plak oan 'e súdkant en de tsjerkebanken waarden dêromhinne set, mei wat ferhege tsjerkebanken foar de boerefamyljes oan 'e west- en eastkant. It nachtmiel waard yn it koer fierd.

Oan 'e ein fan 'e 16e iuw kaam Jennelt yn besit fan 'e famylje Von Inn- und Knyphausen. It wichtichste lid fan dy famylje, frijhear Dodo zu Innhausen und Knyphausen, liet yn 1604 in nij mearsidich koer en in krypt tafoegje. De leden fan 'e aadlike famylje soene letter yn dy krypt begroeven wurde. Nei syn dea by de Slach by Haselünne as fjildmaarskalk yn it Sweedske leger waard Dodo yn 1636 yn in sarkofaach yn Jennelt byset. Syn frou, Anna van Schade, fûn ek har lêste rêstplak yn 'e krypt.
De tsjerke waard yn 1971 op 'e nij renovearre. De yngong ferhûze nei de hjoeddeiske lokaasje en yn 'e tsjerke waard in muorre tafoege, sadat der twa romten ûntstienen, ien foar de tsjinst en ien om bygelyks de bern op te fangen. Fan 'e oarspronklike ynrjochting is mar in diel fan 'e preekstoel en de nachtmieltafel oerbleaun.
Boukunde
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke waard oarspronklik yn romaanske styl boud. Oan 'e eastlike kant hat de tsjerke in dakruter. Bûten is troch in bounaad dúdlik in skieding te sjen tusken it koer en it wat hegere skip. De twa boudielen wurde yn 'e tsjerke mei in trochgong yn 'e muorre ferbûn. Eartiids hie de tsjerke in noardlike en súdlike yngong. It portaal oan 'e súdlike kant stiet ûnder in ynskrift út 1870 en fan it noardlike portaal is noch in drompel te werkennen. Op 'e westlike kant siet noch in oare, gruttere tagong. Hjoed-de-dei is de tagong troch in súdlik portaal. Oant de oanbou fan it koer stie it alter op 'e eastlike kant fan 'e tsjerke. Der binne oanwizingen dat dêr in lyts stiennen ferwulft sitten hat.
Fan 'e orizjinele smelle romaanske finsters binne der noch in pear oer yn 'e eastlike gevel fan it koar. De oare finsters binne nei de reformaasje grutter makke foar mear ljocht. Dy spitsbôgefinsters sûnder maaswurk jouwe de tsjerke syn hjoeddeiske goatyske uterlik.
Súdlik fan it skip stiet in frijsteande klokketoer fan it sletten type.
Ynvintaris
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 'e krypt steane twa histoarysk wichtige barokke sarkofagen. De sarkofaach fan Dodo is fersierd mei koperwurk, wylst de sarkofaag fan syn soan Adam folslein fan koper makke is en fersierd is mei ranken en ôfbyldings fan 'e deugden. De oare sarkofagen binne ek makke fan koper en 17e iuwsk.
Der binne ek noch twa oerwurken yn 'e toer bewarre bleaun. De âldste is fan smei-izer en 17e-iuwsk. De oare is út 1934.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel út 1738 waard troch Johann Friedrich Constabel boud en stiet sûnt 1970 yn Jennelt. Oarspronklik stie it yn 'e tsjerke fan Bargebur. Nei't Bargebur in grutter ynstrumint oankocht, waard it ynstrumint yn 1864 ferkocht oan Hamswehrum foar de Marijetsjerke dêre. Yn 1969 waard it oargel restaurearre troch Ahrend & Brunzema en doe op 'e flier foar de westlike muorre fan 'e tsjerke yn Jennelt set. It oargel hat acht registers ferdield oer ien manuaal en in oanhongen pedaal.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Jennelter Kirche.
|
