Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Jemgum

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Jemgum
Jemgumer Kirche
Lokaasje
lân Dútslân
regio Nedersaksen
lânkring Lier
plakJemgum
adresLange Straße
koördinaten53°15' N 7°23' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipEvangelysk-Grifformearde Tsjerke yn Dútslân
Arsjitektuer
boujiertsjerke: 1930
toer: 1846
monumintale status Kultuermonumint
Webside
jemgum.reformiert.de
Kaart
Tsjerke fan Jemgum (East-Fryslân)
Tsjerke fan Jemgum

De tsjerke fan Jemgum is in protestantsk-grifformeard tsjerkegebou yn it Eastfryske plak Jemgum. De oarsprong fan 'e tsjerke giet nei alle gedachten werom op in kapel fan in Johanniterkleaster út de hege midsiuwen, dy't yn 'e rin fan 'e tiid ferskillende kearen fan 'e grûn ôf op 'e nij boud waard.

Yn 'e midsiuwen hie it doarp Jemgum trije tsjerken: in grutte kleastertsjerke fan 'e Johanniters út 'e midden fan 'e 13e iuw, wêrfan't de lokaasje net hielendal bekend is, de Sikstustsjerke en in kleasterkapel dêr't de hjoeddeiske tsjerke út ûntstie.

Ynterieur.

De eardere haadtsjerke stie op it hjoeddeiske tsjerkhôf oan 'e westlike râne fan it doarp en hie Sint-Sikstus as patroanhillige. It wie nei alle gedachten in 13e-iuwsk gebou mei skaaimerken fan in wartsjerke. It is wis dat de âldste klok fan Jemgum yn 1368 getten is. Nei de earste slach by Jemgum (1533) waard dy tsjerke yn opdracht fan greve Enno II yn 1534 ferneatige om tefoarren te kommen dat fijannen it gebou as taflechtplak brûke koenen.

De hjoeddeiske tsjerke wie nei alle gedachten oarspronklik in lytse kleasterkapel fan 'e Oarder fan Sint-Jan út 'e 14e iuw. Yn 1401 waard dy kleasterkapel oerdroegen om as parochytsjerke te tsjinjen. De tsjerke hearde yn 'e midsiuwen ta de proasdij fan Hatzum yn it bisdom Múnster en wie doe wijd oan Sint-Fitus. By de reformaasje waard de gemeente grifformeard. Yn 1555 waard in toer boud en oannommen wurdt dat dêrnei de tsjerke folslein werboud is. Troch it tafoegjen fan in súdlike fleugel yn 1661 en in noardlike fleugel yn 1769 waard de tsjerke in krústsjerke.

Yn 1816 waard de toer fanwegen brekfalligens ôfbrutsen en yn 1846 ferfongen troch de hjoeddeiske toer fan Marten Bruns Schmidt út Ditzum. De nije toer hie de foarm fan in fjoertoer en hat liket in soad op 'e tsjerketuorren fan Ditzum en de Grutte Tsjerke fan Lier. De iepen lantearne mei syn koperen dak en in sylskip as wynwizer is it symboal fan Jemgum.

Gevelstien fan 'e werbou yn 1847.

Yn 1847 waard de tsjerke werboud. Op 2 augustus waarden de tsjerkemuorren ôfbrutsen en de weropbou begûn dat jier op 11 augustus. De tsjerke waard op 7 oktober 1847 wer iepene. In brân op 31 jannewaris 1930 ferneatige dy tsjerke folslein, mar datselde jier waard in nije tsjerke boud nei in ûntwerp fan 'e arsjitekt Ludwig Deich út Auwerk. Op 14 desimber 1930 waard de Art deco-tsjerke wer iepene. Ynstee fan it tonferwulft fan 'e foargonger hie de tsjerke no in balkeplafond.

De brân fan 2004

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e nacht fan 11 op 12 maaie 2004 waard de tsjerke op 'e nij troffen troch in grutte brân. It skylddak en it plafond fan 'e tsjerke stoarten yn, wêrby't it oargel en de kreake folslein fernield waarden. Mei tank oan 'e ynspanningen fan 'e brânwar bleau de tsjerketoer sparre. It gebou waard fan augustus 2004 oant desimber 2005 restaurearre, foar in grut part yn 'e styl fan 'e jierren 1930.

In gelok by de brân wie dat it meubilêr fan 'e tsjerke en it oarlochsmonumint mei de nammen fan 'e minsken dy't omkamen yn 'e oarloch fan 1870-1871 al foar de brân út 'e tsjerke helle, wie fanwegen in oankommende renovaasje. Utsein it klankboerd fan 'e preekstoel rekke swier skansearre. De preekstoel waard restaurearre en tegearre mei in replika fan it ferneatige klankboerd nei de restauraasje wer yn 'e tsjerke set. De trep dy't fanút it skip nei de oargelkreake late waard net werboud. Tsjintwurdich is it oargel lykas foar 1930 tagonklik troch in yngong fanút de toer. Yn 2009 waard de lantearne renovearre en waard de houten struktuer ferfongen troch in struktuer fan staal.

Yn 'e tsjerke oerhearsket it ekspresjonisme en de ynrjochting is yn 'e kleuren read, brún en goud útfierd. De preekstoel fan Johannes Baartz oerlibbe de brân en dat jildt ek foar de nachtmieltafel, de kreaken oan 'e noard-, súd- en eastkant en de banken.

Oargel.

It oargel út 1864–1866 baarnde yn 1930 folslein ôf en waard yn 1972 ferfongen troch in ynstrumint fan Klaus Becker, dat ek ferneatige waard by de brân fan 2004. It hjoeddeiske oargel waard yn 1844 boud troch Joseph William Walker en yn 2007 restaurearre en rekonstruearre troch de Nederlânske oargelrestaurateur F.R. Feenstra út Gruttegast. It hat 19 registers, ferdield oer twa manualen en in pedaal.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Side Evangelisch-reformierte Gemeinde Critzum