Tsjerke fan Ie
De herfoarme Tsjerke fan Ie, ek Sint-Gangulfustsjerke fan it doarp Ie is in monumintale yn de 13e iuw boude tsjerke yn Ie. De tsjerke wie oarspronklik roomsk-katolyk, mar waard nei de reformaasje herfoarme.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke waard boud yn de earste helte fan de 13e iuw. It is net hielendal wis oan wa't de tsjerke wijd wie. Neamd wurde Gangulfus en de abt Jarich as mooglike beskermhilligen fan de tsjerke.
De tsjerke is yn de lettere iuwen ferskillende kearen feroare. Sa waard yn de 16e iuw de kape fan de tsjerke ferhege en ferdwûnen de ferwulften. De tsjerketoer is fan 1867. Ek de trijehoekige koarôfsluting is yn lettere iuwen makke.[1]Oan de noardmuorre hinget in moarmeren epitaaf ta neitins oan de jong ferstoarne Snellinger Mekhema út 1625. De âldste grêfstien is út 1495 fan Teet Humalda. Neffens de 'Tegenwoordige Staat van Friesland' út 1786 moat Ie in hiel moai koarstek hân hawwe.
Oan de boppekant fan de súd- én de noardmuorre sittte rigen konsoles. In protte fuotsjes fan dy konsoles hawwe de foarm fan minskegesichten of fan bistekoppen (sjoch ôfbylding). Yn de tsjerke steane trije hearebanken út de 17e en de 18e iuw. Neist njoggen roubuorden hat de tsjerke ek in epitaaf fan swart moarmer en albast ta neitins oan de yn 1625 ferstoarne Snelliger Meckema. De 17e-iuwske klokkestoel mei de klok út 1642, getten troch Jacob Noteman út Ljouwert en foardere troch de Dútsers yn 1943, waard op 'en nij brûkt. De preekstoel is út de 19e iuw en it oargel út de twadde helte fan de 20e iuw.
De tsjerke is erkend as in ryksmonumint. De toer waard yn 2010 restaurearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|