Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Groß Midlum

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Groß Midlum
Groß Midlumer Kirche
Lokaasje
lânflagge fan Dútslân Dútslân
lânkring Nedersaksen
gemeenteHinte
plakGroß Midlum
adresAm Löschteich
koördinaten53°24'N 7°9'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipProt.-grifformearde tsjerke
patroanhilligeoanspr. Sinte-Marten
Arsjitektuer
boujier13e iuw
boustylromanogotyk
Webside
hinte.reformiert.de
Kaart
Tsjerke fan Groß Midlum (East-Fryslân)
Tsjerke fan Groß Midlum

De Tsjerke fan Groß Midlum (Dútsk: Kirche Groß Midlum) is in protestantsk-grifformeard tsjerkegebou yn it Eastfryske doarp Groß Midlum yn 'e gemeente Hinte. De tsjerke stiet op it heechste punt fan in terp (Warft) sintraal yn it doarp en bea yn it ferline by oerstreamings in feilich hinnekommen. Om 'e tsjerke leit lykas by in soad oare Eastfryske terpdoarpen it tsjerkhôf.

De tsjerke waard tsjin 'e ein fan 'e 13e iuw boud. It is in romanogoatysk bakstiennen gebou, dy't foar de reformaasje oan Sint-Martinus wijd wie. De tsjerke hearde doe ta de proasdij fan Hinte yn it bisdom Múnster.

Preekstoel.

Oan 'e noch besteande skyldbôgen is te sjen dat de tsjerke oarspronklik in stiennen ferwulft hie. Oan 'e eastlike kant hat de tsjerke in healrûne apsis. De lytse heechlizzende rûnbôgefinsters yn 'e noardlike muorre binne oarspronklik. De súdlike muorre hat noch in soad heechlizzende bline nissen en in pear letter ynbrochte grutte goatyske finsters. It muorrewurk fan 'e eastlike gevel hat in fiskgraatstruktuer.

In pear ferbouwingen feroaren it oansjen fan 'e tsjerke. De hagioskopen yn 'e súdlike en noardlike muorre bleaune lykwols bewarre. Under de apsis waard yn 'e 17e iuw in grêfkelder foar de bewenners fan it kastiel boud. Hjoed-de-dei is de grêfkelder net mear tagonklik. Yn 1839 waard de ferwulften fan 'e tsjerke útbrutsen en ferfongen troch in houten plafond.

De midsiuwske klokketoer waard yn 1876 fanwegen brekfalligens ôfbrutsen. In werbou fûn net plak en sûnt waarden de klokken yn 'e súdlike muorre fan 'e tsjerke ûnderbrocht. Om't de galmgatten meast sletten wiene, ûntstie ûnder bewenners it sizzen: In Groß Middlum kann man die Glocken nur sehen, wenn man sie hört (Yn Groß Middlum wurde klokken allinnich sjoen ast se hearst). No hinget de middeisklok sûnt 1997 yn 'e dakruter, wylste de oare klokken yn in moderne, stalen klokkestoel hingje.

De preekstoel is barok en hat in seishoekich klankboerd. Se datearret fan 1690 en is boud troch Peter Gerkes Husmann. De rûnbôgefjilden fan 'e kûp wurde ferdield troch draaide pylderkes op 'e hoeken.

Oargel.

Op in houten kreake mei in wulving yn 'e midden stiet in oargel. It hjoeddeiske oargel giet werom op in yn 1803-1804 troch Johann Friedrich Wenthin boud ynstrumint fan 13 registers mei ien manuaal en oanhongen pedaal. Oant nei de Twadde Wrâldkriich wie it ynstrumint mei útsûndering fan 'e yn beslach nommen pipen hast hielendal oarspronklik, mar yn in minne steat. Yn stee fan in restauraasje boude Alfred Führer yn 1956 efter de histoaryske oargelkas mei it werbrûken fan 'e âlde wynladen in nij oargel. It ynstrumint hat tolve registers op ien manuaal en selsstannich pedaal. Sûnt is it oargel wol restaurearre, mar net feroare.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Groß Midlumer Kirche