Tsjerke fan Fjouwerhûzen

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Fjouwerhûzen
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente It Hegelân
adres Haadstrjitte 26
koördinaten 53° 21' N 6° 17' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 12e-13e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 35869
Webside
Side Tsjerke fan Fjouwerthûzen (SAGT)
Kaart
Tsjerke fan Fjouwerhûzen (Grinslân)
Tsjerke fan Fjouwerhûzen

De Tsjerke fan Fjouwerhûzen of de Herfoarme tsjerke fan Fjouwerhûzen yn 'e provinsje Grinslân is sûnt 2001 in tsjerkegebou fan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. De Herfoarme gemeente (hjoeddedei PKN) fan Fjouwerhûzen waard doe gearfoege mei dy fan Ulrum en Nijtsjerk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De liuw op de toer

De tsjerke waard nei alle gedachten yn 'e 12e, mar yn 't lêst yn 'e 13e iuw boud. Fan 'e âlde midsiuwske muorren fan dowestien binne dielen bewarre bleaun, mar yn 1869 waard de tsjerke bepleistere, sadat it midsiuwske muorrewurk tsjintwurdich net mear mei it bleate each te sjen is. De tsjerke hie eartiids in frijsteande toer, dy't brûkt waard om 'e grins tusken Grinslân en Fryslân fêst te stellen. Dy toer waard yn 1839 ôfbrutsen en ferfongen troch de hjoeddeiske dakruter boppe de westlike gevel.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de klok út de toer helle, mar nei de befrijing yn Nederlân werom fûn en wer ophongen yn 'e toer. Op 'e toer stiet lykas op de tuorren fan Ulrum en Nijtsjerk in wynwizer yn 'e foarm fan in liuw, it symboal fan de famylje Lewe.

Yn 2006 wûn de tsjerke fan Fjouwerhûzen de finale fan in live-útstjoering fan it AVRO-programma "De Restauraasje", dat troch de BankGiroLoterij sponsore waard. Dêrmei kaam in bedrach fan 920.000 euro frij om it ferfallen tsjerkje op te knappen. [1]

De tsjerke is in ryksmonumint.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel

Sûnt de restauraasje binne de banken yn 'e oarspronklike griene kleur farve. Yn 'e tsjerke hinget in klok út 1630, dy't skonken waard troch Anna Lewe fan 'e boarch Panser en Geert Lewe fan 'e boarch Bewsum. De twa boargen leine yn 'e omjouwing fan it doarp. De klok waard getten troch Nicolas Rovier en André Aubertin.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel datearret fan 1892 en waard boud troch de firma Van Oeckelen. Troch it winnen fan 'e haadpriis fan de BankGiroLoterij koe mei ek it oargel restaurearre wurde. By de restauraasje troch Mense Ruiter krige de oargelkas de oarspronklike donkergriene kleur werom. It ienmanualige ynstrumint besit sân registers en in oanhongen pedaal en is sûnt de bou nea feroare.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: