Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Ditzum

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Ditzum
Ditzumer Kirche
Lokaasje
lân Dútslân
regio Nedersaksen
lânkring Lier
plakDitzum
adresMühlenstraße
koördinaten53°18' N 7°16' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipEvangelysk-Grifformearde Tsjerke yn Dútslân
Arsjitektuer
boujier14e iuw
boustylromanogotyk
monumintale status Kultuermonumint
Webside
kirche-ditzum.de
Kaart
Tsjerke fan Ditzum (East-Fryslân)
Tsjerke fan Ditzum

De Tsjerke fan Ditzum (Dútsk: Ditzumer Kirche) is in protestantsk tsjerkegebou yn Ditzum yn 'e gemeente Jemgum yn 'e Eastfryske lânkring Lier.

De tsjerke is in ienfâldige sealtsjerke, dy't nei alle gedachten om 1200 hinne of healwei de 13e iuw op in terp (warft) boud waard. Mei de reformaasje waard de tsjerke in luthersk gebou, mar sûnt 1640/1650 stiet de tsjerke yn 'e kalvinistyske tradysje.

Healwei de 16e iuw waard yn it ramt fan in ferbouwing de apsis ferwidere. Oan 'e rûne bôge yn 'e eastlike muorre is noch it plak fan 'e earder apsis te sjen. De waarden âlde portalen yn 'e súdlike en noardlike tichtmitsele en de flier ferhege. Yn 'e súdlike muorre is te sjen wêr't de hagioskoop siet. By in oare ferbouwing fan 1786-1788 waard de flier nochris ferhege. Yn 'e noardlike muorre binne romaanske finsters, dy't ek yn 'e súdlike muorren sitten ha en dêr't no trije goatyske finsters sitte.

De frijsteande achthoekige toer datearret fan 1846. De hjoeddeiske toer hat de foarm fan in fjoertoer en ferfong in âldere toer. De toer liket op dy fan 'e tsjerken fan Jemgum en Lier. Yn 'e toer hinget in Marijeklok út 1479. Twa oare klokken stamme út 1959 en 1961.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich rekke de tsjerke troch artilleryfjoer yn 1945 slim skansearre. Nei de oarloch waard de tsjerke renovearre en op 11 septimber 1949 koe de gemeente it gebou wer yn gebrûk nimme. De renovaasje duorre lykwols noch oant 1963. Yn 'e jierren 1990 binne ek de bûtenmuorren restaurearre.

Ynterieur.

Nei de oarloch waard yn 'e tsjerke in tonferwulft ynbrocht. De renêssânse preekstoel is út 1684 en makke troch Frederich Albertz. De nachtmieltafel datearret fan 1660. Njonken de preekstoel stiet in deksel fan in sânstiennen sarkofaach mei in dizich reliëf fan in biddende frau. De deksel is noch fan foar 1200 en noch âlder as de tsjerke.

It hjoeddeiske oargel waard yn 1965 troch Karl Schuke út Berlyn boud en ferfangt it yn 'e oarloch ferneatige oargel fan Wilhelm Eilert Schmid ut 1821-1822.

Sjoch foar de disposysje fan it oargel op: Orgelsite

Boarnen, noaten en/as referinsjes: