Tsjerke fan 'e earste hillige apostel Petrus (Sint-Petersburch)
Tsjerke fan'e earste hillige apostel Petrus Храм Святого первоверховного Апостола Петра | ||
![]() | ||
![]() | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Ul. Antonova-Ovseenko | |
koördinaten | 59° 54' N 30° 27' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | A. Lebedev, J. Korytsjenkov | |
boujier | 2005-2009 | |
Webside | ||
petrovhram.ru | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan'e earste hillige apostel Petrus (Russysk: Храм Святого первоверховного Апостола Петра) is in Russysk-otterdoks tsjerkegebou yn it eastlike distrikt Nevski fan 'e stêd Sint-Petersburch.
De parochy fan 'e tsjerke waard yn 2005 stifte. De tsjerke mei fiif koepels en in aparte klokketoer is tusken 2005 en 2009 yn 'e Russyske Art-Nouveaustyl boud yn it Park Stroitelei neffens it ûntwerp fan Andrei Michailovitsj Lebedev en Joeri Grigorevitsj Korytsjenkov.
De namme fan it park dêr't de tsjerke stiet is yn it Frysk oer te setten as Bouwerspark. Om 't Sint-Petrus de patroanhillige fan bouwers is, waard der keazen foar dy patroanhillige.
Njonken de tsjerke en de klokketoer steane der noch in oantal gebouwen, lykas de pastorij en de westlike poarte mei de kapel fan 'e hillige Elisabeth Feodorovna.
De klokken foar de tsjerke binne getten troch de klokkefabryk fan Voronezj. De swierste klok weaget 4150 kg en fierder binne der 12 lytsere klokken. De koepels, de kapellen en de klokketoer drage meiïnoar 10 krusen, dy't makke binne yn Volgodonsk.
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Saint Peter Church, Stroiteley Park, Saint Petersburg fan Wikimedia Commons. |