Tsjeardsje Lamberts
| Tsjeardsje Lamberts | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 19 novimber 1958 | |
| berteplak | Ljouwert | |
| etnisiteit | ||
| wurk | ||
| taal | Frysk / Ljouwertersk | |
| sjenre | skriller | |
| streaming | Neo Frysk spanningsproaza | |
| bekendste wurk(en) | Depot 5 | |
| útjouwer | Afûk | |
| offisjele webside | ||
| Tsjeardsje Lamberts | ||
Tsjeardsje Lamberts (Ljouwert, 19 novimber 1958) [1] is de skriuwer fan de Fryske skriller Depot 5 - de moard op de haadargivaris. Neffens de efterflap fan it boekwurk wie sy mear as fjirtich jier argyfmeiwurker by tal fan ynstellingen yn Ljouwert en Den Haag.
"Se hat in soad belangrike bestjoersfunksjes hân en lêst gauris in Skandinavyske skriller. Yn it wykein spilet se graach golf. Lamberts hat in handicap fan 25.5."
Depot 5
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Depot 5 (2025) [2] is it debút fan Lamberts yn it literêre fjild fan de Frysktalige skillers. It fertelt it ferhaal fan in sliepperige provinsjehaadstêd yn it noarden [3] fan it lân, dêr 't yn depot 5 fan it Argyf de haadargivaris Olders Lourensma dea oantroffen is.
Yn deselde nacht is in kostber skaaltjse ferdwûn út it ferneamde stedsmuseum. Stellen. De krekt oanstelde ynspekteur Kynke Swichum moat fuort oan de bak. De fraach is of se har losmeitsje kin fan har reputaasje en dizze saak oplosse.
Yn dizze flotskreaune Fryske skriller komme allerhanne types foar dy't Kinke net altyd stypje. It is in spannende speurtocht dy't nei in iiskâlde apoteoaze fiert.
Resepsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De debútskriller is oanbean by de pensjonearring [4] fan ryksargivaris Lourens Oldersma [5] dy't it earste eksimplaar op de dei fan syn ôfskied fan Tresoar oerlange krige. It boekje is dêrneist yn beheinde oplage printe en útjûn troch de Afûk (Algemiene Fryske Ûnderrjocht Kommisje) [6] yn gearwurking mei Tresoar.
Ut in resinsje [7] fan Jaap Krol [8] yn it Friesch Dagblad (20-12-2025) blykt grut entûsjasme foar in 'hearlik boek' mei humor en in ferrassende ûntknoping. Foar folgers fan de Fryske literatuer [9] is Depot 5 yn alle gefallen ferplichte kost. Krol neamt it net allinich in who-dunnit, mar lykegoed in who-wrote it.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |