Springe nei ynhâld

Tsjalling fan Eysinga (1603-1658)

Ut Wikipedy

Tsjalling fan Eysinga (1603 - Raerd, 22 april 1658) wie deputearre fan Fryslân en grytman fan Raerderhim.

Tsjalling wie de soan fan Peter en fan Foockel fan Heringa. Hy krige by de doop de namme Johan, mar krige nei it ferstjerren fan syn âldste broer Tsjalling (1613) dy syn namme.
Hy wie earst kapitein, dêrnei grytman fan Raerderhim en folmacht op de lândei foar it kertier Eastergoa, letter lid fan deputearre steaten fan Fryslân. Tsjalling fan Eysinga ferstoar net-troud; syn lyk waard yn de tsjerke fan Raerd begroeven ûnder in grêfsark mei syn byltnis, syn wapen en syn 16 kertieren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: