Springe nei ynhâld

Tsjaard Tsjêbes

Ut Wikipedy

Tsjaard Tsjêbes ek wol Tjaert Tjebbes wie in Fryske seekaptein dy't foar de Fryske Admiraliteit fear.

Op 31 maaie 1582 naam Tsjêbes út namme fan it oerkoepeljende Nederlânsk Admiraliteitskolleezje de kapitein Jan Tammes Claes Jacobs as syn skip yn tsjinst. Dat waard letter op it Grinslanner Djip ynsetten.

Tsjaard Tsjêbes kocht yn 1589 't Olde Raedhuis op de hoeke fan de Heechstrjitte en Lange Easterstrjitte yn Dokkum fan de magistraat fan dyselde stêd foar it bedrach fan 900 goudgûnen. De Fryske Admiraliteit fêstige nei de oprjochting yn 1597 har kantoar yn dat gebou.

Yn it jier 1598 gie Tsjêbes op ekspedysje. Hy fierde it kommando oer it skip de Blaue Clocke, ferneamd nei de herberch njonken it admiraliteitshûs. It skip wie 200 ton swier en hie in bemanning fan 70 man.