Springe nei ynhâld

Tsjoksnaffelwilster

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tsjûksnaffelwilster)
Tsjoksnaffelwilster
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaaidûkelmantsjes (Anarhynchus)
soarte
Anarhynchus wilsonia
Ord, 1814
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     briedfûgel

     wintergast
     trekfûgel


De tsjoksnaffelwilster (Anarhynchus wilsonia, synonym: Charadrius wilsonia) is in fûgel út 'e famylje fan 'e wilsterfûgels (Charadriidae).

Fûgel yn briedkleed.

De tsjoksnaffelwilster wurdt 17 oant 20 sintimeter lang. It meast karakteristike oan 'e soarte is de donkergrize snaffel, dy't foar in wilster fan dit formaat grut is. De foarholle is wyt en de krún griisbrún. Fan 'e snaffel rint in griis oant kastanjebrune streek fan 'e snaffel ûnder it each lâns oant yn 'e nekke. De wjukken binne griisbrún en ûnder is de fûgel wyt mei in swarte streek oer it boarst. De poaten binne rôze en ha mear kleur yn 'e briedtiid. Bûten de briedtiid is it swart ferfongen troch brún of readbrún. By jonge fûgels is de bân oer it boarst meastentiids net folslein. De rop is in helder mar swak fluitsje.

Tsjoksnaffelwilsters binne foar in part in trekfûgel, oare populaasjes lykas dy fan Súd-Amearika binne stânfûgels.

De tsjoksnaffelwilster wurdt meastentiids yn fjouwer ûndersoarten ferdield:

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjoksnaffelwilsters binne sterk oan kustkriten bûn en foerazjearje op strannen op krabben, ynsekten, wjirmkes en seekladden. De fûgel briedt fan april oant begjin july. It nêst is in groeven kûltsje fuort yn 'e grûn. In lechsel bestiet meast út trije aaikes, dy't troch beide âlders yn 23 oant 24 dagen útbret wurde.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt tocht dat de soarte ôfnimt, mar noch net sa bot dat de fûgel bedrige wurdt. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld klassifisearret de soarte op 'e Reade list as net bedrige (Least Concern, 2025). De populaasje wurdt op 26.550 oant 31.650 (2025) rûsd.

De wittenskiplike namme ferwiist nei de Amerikaansk-Skotske ornitoloochg Alexander Wilson dy't it type-eksimplaar sammele.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: