Tsareklok

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tsarenklok)
Tsareklok

De Tsareklok (Russysk Царь-колокол) is in histoaryske klok dy't yn it kremlyn fan Moskou stiet. De klok waard yn 1735 getten troch Ivan Motorin en syn soan Michael en is ien fan de grutste en swierste klokken fan de wrâld en ien fan de wichtichste toeristyske attraksjes fan it kremlyn. De Tsareklok hat nea let en stiet sûnt 1836 foar it besjen op in achthoekige sokkel.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Tsareklok stiet yn it kremlyn op it Ivanplein by de Klokketoer fan Ivan de Grutte. De brûnzen klok is 6,14 meter heech, 61 sintimeter dik en hat in maksimale trochsnit fan 6,6 meter. Hy weacht 201.924 kilo.

Doe't de klok de earste kear út de jitterskûle groeven en optakele waard, briek in stik fan likernôch 11.500 kilo ôf. Dat stik stiet hjoeddedei njonken de sokkel. De sokkel datearret út 1836 en waard neffens in ûntwerp fan de Frânske arsjitekt Auguste de Montferrand foarm jûn. Yn de sokkel is in romte foar de ûngefear fiif meter lange bingel fan de Tsareklok.

De ûnbidich grutte Tsareklok is net allinne ien fan de grutste eksimplaren yn syn soarte fan 'e wrâld, mar foarmet ek in wichtich monumint fan russyske jittechnyk út de iere 18e iuw. Tichteby de Tsareklok is noch sa'n monumint fan russyske jittechnyk te sjen; it Tsarekanon, dy't allyk as de klok nea brûkt is foar it doel dêr't er foar getten is.

De klok is ryklik fersierd mei reliëfs fan barokke foarstellings fan planten, ingels en hilligen. Dêrnjonken binne der motiven út de russyske heraldyk. De klok waard ûnder it regear fan keizerin Anna getten en fan har is in byltenis op de klok oanbrocht. It brûns fan de klok stamde fan in omraande klok út de tiid fan grutfoarst Aleksej Michajlovitsj en fan him is ek in reliëf op de klok te sjen. De byltenissen fan de beide hearskers op de klok ha de namme oan de Tsareklok jûn. De ryksapel en it fergulde krús binne tafoegings doe't de klok al boppe de grûn stie.

Skiednis fan de klok nei de foltôging[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noch ear't de lêste wurksumheden oan de dekoraasje fan de klok foltôge waarden fûn der yn maaie 1737 yn it kremlyn in grutte brân plak. Foaral de noch houten gebouwen yn it kremlyn waarden ferneatige en dêrûnder foel ek de fan hout boude konstruksje om de Tsareklok út de jitterskûle te takeljen. It hout foel al baarnend op de klok del en doe't it kâlde wetter fan it dwêsten op de yntusken gleone klok telâne kaam, barste dy troch de timperatuersferskillen. In stik fan 11,5 ton rekke dêrmei los fan de klok.

Nei de brân binne der noch útstellen dien om de klok te restaurearjen, mar dêr is neat mear fan telâne kaam. De klok bleau jierrenlang yn de kûle lizzen en lei dêr noch jimmeroan doe't Napoleon Moskou besette. Doedestiids wie Napoleon fan doel om de klok nei Frankryk te bringen, mar dy opset mislearre fanwegen it ûnbidige gewicht en de dêrmei gearhingjende logistike swierrichheden.

Yn it ramt fan de weropbou fan it kremlyn nei de russyske oerwinning op Napoleon waard ek it plan wer oppakt om de klok op te takeljen. Dat duorre lykwols oant 1836, doe't Auguste de Montferrand in konstruksje bouwe liet. Hûnderten arbeiders en soldaten loeken oan de touwen om de klok boppe de grûn te krijen. Mar it earste besykjen mislearre; de klok wie te swier foar de konstruksje. Op 23 july 1836 waard der nochris besocht om de klok op te takeljen en doe slagge it al. Trije dagen letter waard de klok op de sokkel delset, dêr't er noch jimmeroan op stiet.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis [1].