Springe nei ynhâld

Try (rugby)

Ut Wikipedy
Yoann Huget skoart in try yn 2012.

In try (meartal: try's) is de wichtichste manier om punten te skoaren by rugby. By unyrugby smyt in doelpunt 5 punten op, en by rugby league smyt in doelpunt 4 punten op. In try wurdt makke troch de bal kontrolearre en yn ien beweging del te drukken yn it gebiet efter de peallen fan de tsjinstanner (it trygebiet). Try betsjut yn it Ingelsk besykjen.

In try is ferlykber mei in touchdown yn it Amerikaansk fuotbal.