Trui van Lier
Trui van Lier | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Geertruida Elisabeth van Lier | |
berne | 13 novimber 1914 | |
berteplak | Utert | |
stoarn | 29 novimber 2002 | |
stjerplak | Ede | |
wurkpaad | ||
reden bekendheid |
LO, Kindjeshaven (kresj) |
Geertruida Elisabeth (Trui(tje)) van Lier (Utert, 13 novimber 1914 – Ede, 29 novimber 2002) wie in healjoadske Nederlânske fersetsfrou yn de Twadde Wrâldoarloch.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Truitje wie de dochter fan de joadske Alfred Johan Salomon van Lier (1874–1971) en de net-joadske Cornelia Geertruida Guldensteeden Egeling (1877–1936). Se wie in nicht fan fersetsstriidster Truus van Lier.
Yn 1935 begûn Trui oan in stúdzje rjochten oan de Universiteit fan Utert. Har mem ferstoar oan longûntstekking yn 1936 en har tsien jier âldere suster yn 1937. Trui van Lier soarge foar har heit en paste faak op de bern fan har ferstoarne suster, wêrtroch't har rjochtestúdzje fertraging oprûn. Yn 1939 troude se mei fersetsstrider Joost Verheus (1915-1979) en yn 'e maitiid fan 1940 behelle hja har bachelordiploma. [1] Yn oktober 1940 rjochte se yn Utert oan de Prins Hendriklaan mei jild út de neilittenskip fan har mem in kresj op dy't se Kindjeshaven neamde. Tegearre mei Jet Berdenis van Berlekom slagge it har en bring 150 Joadske bern yn de besetting fia it bernehûs yn feilichheid. Neffens harsels wiene it wierskynlik safolle net.
Fanwegen it fusillearjen fan har nicht Truus van Lier yn 1943 wie foar Trui reden om op te hâlden by de kresj en dûkte se ûnder yn Culemborg. Jet bleau oan it wurk yn Kindjeshaven oant febrewaris 1945.
Nei de oarloch besocht se werom te gean nei Utert, se wie ûnderwilens swier, mar de Utertske amtnerij wurke har tsjin. Hja krige twa kear in hûs tawiisd dat net blykte te bestean. Ek krige se nei de oarloch in belestingoanslach fanwegen sjoemeljen mei de administraasje fan de berne-opfang yn'e tiid fan'e oarloch. Earst yn de jierren 90 krige se erkenning foar har fersetswurk. Yn febrewaris 1992 krige se de Yad Vashem ûnderskieding dy't se yn 1994 yn Israel yn ûntfangst naam. De gemeente Utert joech har yn 1995 de sulveren stedsmedalje en in jildbedrach ta kompensaasje foar wat har nei de oarloch oandien wie. Nei har pinsjoen besocht se Jet yn Kanada en dêrnei, yn 1983, besleat se te ferhúzjen fan Utert nei Noardwâlde om net alle dagen wer tinke te maotten oan de drege tiden fan oarloch en libben yn eangst foar ûntdekking.
Op 13 novimber 2023, de bertedei fan Trui, giene op de Keningsleane yn Utert, op'e hichte fan de boarterstún yn it Wilhelminapark, blombollen de grûn yn. Alle maitiids sille hjir blauwe hyasinten de fjouwer letters foarmje fan har foarnamme.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|