Trinitatiskatedraal (Dresden)
Trinitatiskatedraal Kathedrale Ss. Trinitatis | ||
![]() | ||
![]() | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
plak | Dresden | |
koördinaten | 53°3' N 13°44' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Dresden-Meißen | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Gaetano Chiaveri | |
boujier | 1739-1751 | |
boustyl | barok | |
Kaart | ||
De Alderhillichste Trinitatiskatedraal (Dútsk: Kathedrale Ss. Trinitatis) yn 'e Dútske stêd Dresden, earder de Katolike Hôftsjerke (Katholische Hofkirche), is de katedraal fan it bisdom Dresden-Meißen. De katedraal stiet oan 'e Elbe yn it histoaryske sintrum fan 'e stêd en is ek in begraafplak fan it Hûs Wettin en Poalske keningen.
Gebrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De barokke slottsjerke waard yn 1964 in ko-katedraal en nei de ferhûzing fan 'e biskopsit fan Bautzen nei Dresden de katedraal fan it bisdom.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om de Poalske troan te krijen bekearde August de Sterke him yn 1697 ta it katolisisme. Dat feroarsake yn it protestantske Saksen nochal wat trelit en dat waard noch slimmer doe't yn 1712 ek syn soan, karprins Friedrich August him ta it katolisisme bekearde. Dy syn trouwen mei Maria Josepha, dochter fan keizer Joazef I, brocht by August de Sterke de hoop op 'e keizerskroan fan it Hillige Roomske Ryk foar syn Hûs. Dochs helle er him neat yn 'e holle en garandearre er de frijheid fan it protestantske leauwe fan 'e befolking fan Saksen. Ek weage er it net om de protestanten noch mear argewaasje te jaan troch demonstratyf in grutte roomske tsjerke te bouwen. Hy wenne de hillige misse diskreet yn 'e slotkapel by en sûnt 1708 yn it ta in katolike tsjerke ferboude operahûs op 'e Taschenberg. Ek droech er rynsk by oan 'e bou fan 'e protestantske Frauenkirche, dy't sûnt 1726 boud waard en it oansjen fan 'e stêd ferrike. It wie syn soan Friedrich August II, dy't August de Sterke yn 1733 as karfoarst fan Saksen en yn 1734 as Poalske kening (as August III) opfolge, dy't - ynearsten ûnder strikte geheimhâlding - yn 1736 de opdracht joech oan Gaetano Chiaveri, dy't ek yn Warsjau foar de kening wurke, om mei de tarieding dêrfan te begjinnen. Tusken 1739 en 1755 fûn de bou plak.

Om de katolike hôftsjerke tusken de residinsje en de brêge oer de Elbe te bouwen moasten in bolwurk, de muntslaggerij en it komedyhûs ôfbrutsen wurde en de iggemuorre fan 'e Elbe ferskood wurde. Al earder wiene de bôgen fan 'e midsiuwske Elbebrêge oant de 6e pylder foar it grutste part tichtsmiten om plak te meitsjen faor de bou fan 'e Joarispoarte en wat letter de stedsfersterkingen. Foar de bou fan 'e katolike tsjerke folge in fierdere ferkoarting fan 'e brêge oant de 8e brêgepylder.
Chiaveri ferliet Dresden yn 1748 wylst de bou noch net foltôge wie. Mooglik joech it stadige ferrin fan 'e bou him argewaasje en hied er ek skeel mei de Dresdener arsjitekten. Nei syn fertrek waarden der feroaringen yn it oarspronklike ûntwerp oanbrocht, fral oan 'e oargelkreake en de lôzje fan 'e keninklike famylje, dy't troch Johann Christoph Knöffel yn rokokofoarmen boud waarden en dy't troch de Italjaanske barokarsjitekt mooglik ôfkard wurde soene. De beskildering fan 'e tsjerke neffens de plannen fan Chiaveri waard ek net útfierd. Ek oan 'e 86 m hege toer waarden troch Knöffel en syn opfolgers Julius Heinrich Schwarze en Friedrich August Krubsacius feroaringen oanbrocht.
De apostoalyske nuntsius yn Poalen, aartsbiskop Alberico Archinto, wijde op 29 juny 1751 de hôftsjerke oan 'e 'e Alderhillichste Trije-ienheid (Sanctissimae Trinitatis). Nei de foltôging fan 'e Hôftsjerke waard de kapel yn it operahûs op 'e Taschenberg yn 1755 wer ta in feestseal ferboud.

By de loftoanfallen op Dresden fan 13 oant 15 febrewaris 1945 waard de tsjerke meardere kearen troch bommen troffen. It dak en it ferwulft stoarten yn en de bûtenmuorren rekken skansearre, foar in part sels hielendal ferneatige. De werbou sette sûnt 1965 útein. De spoaren fan 'e ferneatiging binne hjoed-de-dei noch oan 'e ferskillende kleuren fan 'e stiennen te sjen. Trije fan 'e pronkerige hoekkapellen binne hast yn orizjinele styl restaurearre, de fjirde krige in nije foarm. De nea útfierde beskildering fan it ferwulft waard nei 1990 neffens it oarspronklike ûntwerp fan Tiepolo tafoege.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan 'e gevel en op 'e balustrades fan 'e tsjerke steane 78 bylden fan hilligen, dy't de Italjaanske byldhouwer Lorenzo Mattielli en de Dresdener byldhouwers Paul en Jakob Mayer makken.

De tsjerke bestiet út in haadskip, twa sydskippen en fjouwer hoekkapellen. Bysûnder is de prosesjeomgong om it haadskip. Dy waard yn 'e tsjerke oanlein om 't yn it protestantske Saksen in iepenlike útoefening fan it katolike leauwe ferbean wie en de stêd it near wist te lizzen op prosesjes fan 'e hôftsjerkeparochy bûten it gebou.
It moarmeren heechalter is fan 'e bruorren Aglio en hat in 10 m by 4,5 m heech skilderij fan 'e Dresdener hôfskilder fan Anton Raphael Mengs út 1752-1761. De list fan it skilderij waard makke troch Joseph Deibel, dy't as byldhouwer oan it hôf wurke.
Bysûnder moai is de barokke preekstoel fan Balthasar Permoser, dy't al yn 1712 foar it as tsjerke ferboude operahûs makke waard. It klankboerd waard by de ferhûzing nei de hôftsjerke makke troch Johann Joseph Hackl, dy't ek it byldhouwurk fan 'e bychtstuollen makke.

It oargel waard oarspronklik troch Gottfried Silbermann ûntwurpen, dat troch syn learlingen foltôge waard. It is it lêste en tagelyk iennige bewarre ynstrumint fan 'e fjouwer oargelwurken yn Dresden fan 'e oargelbouwer. De ryk fersierde oargelkas wie in wurk fan Johann Joseph Hackl. It ynstrumint waard op 2 febrewaris 1755 ynwijd.
De pipen, de traktuer en de spyltafel oerlibben de bombardeminten yn 1945 mei't dy yn 1944 ferwidere en opslein waarden yn 'e kleastergong fan it kleaster St. Marienstern. De oarspronklike houten oargelkas gie mei oare dielen fan it oargel by de bombardeminten op 'e stêd ferlern. Sûnt 1963 waard it yn 'e 19e en 20e iuw feroare ynstrumint wer safolle mooglik yn 'e oarspronklike steat werboud. De oargelkas waard sûnt 1980 wer mei de oarspronklike fersiering rekonstruearre. It oargel hat 47 registers op 3 manualen en pedaal.
Krypten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Under de tsjerke lizze fiif krypten dy't troch gongen meiïnoar ferbûn binne. Meiïnoar fûnen 49 leden fan it Hûs Wettin en harren froulju en bern dêr harren lêste rêstplak. Yn 'e Wettiner krypt binne byset: August III (kening fan Poalen), Friedrich August I, Anton von Sachsen, Friedrich August II, Johann von Sachsen, Albert von Sachsen, Georg von Sachsen en Friedrich August III (allegear keningen fan Saksen). It hert fan August de Sterke wurdt yn in hûl yn 'e saneamde Stifterskrypt bewarre. De fyfte krypt is de jongste krypt en waard yn 1988 oanlein nei't de tsjerke in katedraal waard. De fyfte krypt is it begraafplak foar de biskoppen fan it bisdom. As earste waard dêr biskop Gerhard Schaffran yn in muorregrêf byset.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Katholische Hofkirche
|