Trijekleurreager
| Trijekleurreager | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Egretta tricolor | ||||||||||||
| Statius Müller, 1776 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel wintergast |
De trijekleurreager (Egretta tricolor) is in fûgel út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae). It is ien fan 'e soarten yn it skaai lytse reagers (Egretta).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De trijekleurreager is in sierlike reager mei in lingte fan likernôch 60 oant 70 sintimeter en in spanwiidte fan 95 sintimeter. De fûgel is maklik te betiizgjen mei de lytse blauwe reager, mar is lytser. De fearren binne foar it grutste part blaugriis oant laaigriis. Der rint in tinne wite streek oer de foarkant fan 'e nekke, dy't faak wat brune of rustreade plakjes hat. De sydkanten fan 'e nekke kinne bytiden wat pearseftich of lavindelkleurich lykje.
Yn it briedkleed hat de fûgel lange, fine wite sierfearren efter op 'e kop. Hiel opfallend is dan de snaffel dy't fan kleur feroaret. Ornaris is dy giel en griis mei in swarte punt, mar yn 'e briedtiid begjint dy by de basis fel blau te kleurjen lykas ek in stikje hûd tusken de snaffel en it each. Op 'e rêch en nekke ferskine ljochtbrune en pearsich-fiolette sierfearren. De ornaris griisgiele poaten wurde opfallend rôze.
Juvenilen sjogge der oars út as folwoeksen fûgels. Sy hawwe in soad rustbrune of kastanjebrune fearren op 'e nekke en wjukken, dy't har in brúneftich oansjen jouwe yn ferlikening mei de blaugrize folwoeksenen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel briedt oan 'e kusten fan 'e Atlantyske Oseaan en de Golf fan Meksiko en de Pasifyske kust. Op 'e Bahama's, de Grutte Antillen en oan 'e beide kusten fan Sintraal-Amearika komt de soarte algemien foar en de fersprieding rint oan 'e Atalantyske kust fierder oant de mûning fan 'e Amasône yn Brazylje en de oan 'e Pasifyske kant oant it sintrale diel fan Perû.
De populaasjes yn it noarden binne trekfûgels, dy't winterdeis nei it suden lûke (lykas Florida, Meksiko of de Kariben. Yn 'e tropyske gebieten fan it ferspriedingsgebiet bliuwe de fûgels it hiele jier troch op it selde plak.
It habitat bestiet út kustgebieten, lykas sâltsompen, mangroves, lagunes en estuaria en de fûgel komt fierder selden ynlânsk.
Briedgedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De trijekleurreager briedt yn lytse koloanjes en is tige territoriaal. Se ferdigenje harren gebiet tsjin alle ynkringers. It fan tûken boude nêst wurdt heech yn 'e beammen boud, dêr't it wyfke trije oant fjouwer blaueftige aaien leit. It brieden, it fuorjen en it fersoargjen fan 'e piken is in aktiviteit fan it mantsje en it wyfke tegearre. It foerazjearjen bart meastentiids allinnich en hy jaget op fisk, amfibyen, kreeften en sok guod.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De trijekleurreager wurdt troch de IUCN klassifisearre as net bedrige (Least Concern, 2025). De wrâldpopulaasje wurdt op 206.000 oant 219.000 folwoeksen fûgels grute (2012). Alhoewol't de fûgel noch net fuortendaliks yn gefaar is, sjogge ûndersikers in ôfnimmende trend yn grutte dielen fan Noard-Amearika. Neffens rapportaazjes fan Breeding Bird Survey (BBS) hat de ôfname fan 'e soarte yn it briedgebiet fan 'e Feriene Steaten tusken 1966 en 2015 0.4% it jier west.[1] Troch lokale ynstânsjes wurdt de fûgel dêr sels as bedrige (Threatened) beskôge.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Lytse reager
- Lânseigen fauna yn Anguilla
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bermuda
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Gûadelûp
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen

