Trijekleurnon
| Trijekleurnon | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Lonchura malacca | ||||||||||||
| Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De trijekleurnon (Lonchura malacca) is in sjongfûgel út 'e famylje prachtvinken (Estrildidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De kop, de kiel en de búk fan it 11 oant 12 sintimeter lange fûgeltsje binne swart, it boarst en de siden wyt en fierder is it bealchje kastanjebrún. It wyfke is wat oansjen oanbelanget itselde as it mantsje. De relatyf foarse snaffel is blaugriis oant sulvergriis en de poaten ha likernôch deselde kleur.
Juvenilen binne ienfoarmich bleekbrún fan boppe mei in bêzje ûnderkant en se ha gjin swarte kop.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koartlyn is it L. malacca-soartekompleks yn trije soarten opsplitst, de trijekleurnon (Lonchura malacca), de wytkapnon (Lonchura ferruginosa) en de swartkopnon (Lonchura atricapilla). Der binne dúdlike ferskillen yn it fearrekleed en ek yn 'e markearrings op it ferwulft fan 'e krekt útkommen piken. Guon behannelje se lykwols noch as ien soarte. De trijekleurnon wurdt net ferdield yn ûndersoarten.
De trijekleurnon komt oarspronklik foar yn it súdlik part fan Yndia en op Sry Lanka. Mei't de fûgel populêr is yn 'e avikultuer, ha ûntsnapte fûgels yn dielen fan Súd-Amearika en de Kariben, op eilannen yn 'e Stille Oseaan en lokaal yn Portegal (om Lissabon hinne) ferwyldere populaasjes stifte.
It habitat fan 'e fûgels bestiet út strewellen, heech gers, rysfjilden en sompen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Trijkleurnontsjes binne sosjale fûgeltsjes en wurde faak yn grutte groepen sjoen. Se ite sied en nôt en
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en der wurdt oannommen dat de fûgel in stabile populaasje hat. Dêrfandinne wurdt de fûgel as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List fan 'e IUCN klassifisearre.
Avikultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swartkopnontsjes komme in soad foar yn 'e avikultuer. Se binne maklik te hâlden yn in mingd en goed beplante fûgelhok. De fûgels mei graach baaie en wetter moat der altiten wêze.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
