Trijekleur (kat)

In trijekleur[1][2][3] is in kat (Felis catus) mei in pels dy't trije kleuren hat: wyt, swart en 'read' (yn 'e regel eins mear oranje of sels giel). De measte trijekleuren binne foar 25–33% wyt mei foar de rest swarte en reade kleurflakken. Yn it Nederlânsk wurdt in kat mei dit kleurpatroan dêrom in lapjeskat neamd (mar "lapkeskat" is gjin geef Frysk wurd). It kin lykwols wêze dat sokke katten ek oare kleuren yn har kleurpatroan hawwe, lykas griis, siperts of skyldpod.
It trijekleurpatroan komt foar by katten dy't net fan in ras binne, mar ek by katten fan beskate katterassen. Op himsels is it lykwols gjin ras, mar in kleurfariant. Rassen dy't it hawwen fan dit kleurpatroan tasteane, binne de Amerikaanske koarthier, de Arabyske mau, de Britske koarthier, de eksoat, de Japanske stomptsturt, de Maine coon, de Mankske kat, de Noarske boskkat, de Perzyske kat, de Sibearyske kat, de Turkske Vankat en de Turkske angoara.
Om't de genetyske determinaasje fan pelskleuren by trijekleuren ferbûn is oan it X-gromosoom, binne sokke katten hast altyd poezen (dy't lykas alle froulike bisten twa X-gromosomen hawwe, yn tsjinstelling ta manlike bisten, dy't in X- en in Y-gromosoom hawwe). Sokke katten krije ien fan 'e kleuren swart of read fan it X-gromosoom fan 'e mem en de oare fan it X-gromosoom fan 'e heit. Om't boarren mar ien X-gromosoom hawwe, kinne se dus net trije kleuren hawwe. Utsûnderings op dy regel binne tige seldsum, mar komme foar by yndividuën dy't troch in genetyske mutaasje in ekstra X-gromosoom hawwe (XXY), in oandwaning dy't by minsken bekend stiet as it syndroom fan Klinefelter. Ek kin it foarkomme dat sokke boarren gimeara's binne mei twa ferskillende setsjes gromosomen (XX en XY).

Yn 'e folkloare fan ferskate lannen wurde trijekleuren achte harren baaskes lok te bringen. Dêrom wurde se yn it Dútsk ek wol Glückkatzen ("lokskatten") neamd. Yn Japan wurde dizze katten, krekt as skyldpodkatten, faak as skipskatten ynset, mei't harren lok de minsklik opfarrenden beskermje soe tsjin skipbrek.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
