Trijebânwilster
| trijebânwilstser | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Thinornis tricollaris | ||||||||||||
| Vieillot, 1818 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De trijebânwilster (Thinornis tricollaris) is in waadfûgel út de famylje fan 'e wilsterfûgels (Charadriidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De folwoeksen trijebânwilster hat middelbrune boppedielen en is útsein twa swarte boarstbannen, dy't troch in wite bân fan inoar skieden wurde, fierder fan ûnder wyt. Oan dy twa swarte en iene wite boarstbân is ek syn gongbere en wittenskiplike namme te tankjen. De kop hat in opfallende tekening mei in griisbrune krún, in wite wynbraustreek dy't fan 'e wite foarholle nei de efterkant fan 'e nekke rint en in griis gesicht dat nei de nekke ta yn brún oergiet. De eachring is oranjeread en de basis fan 'e fierder swarte snaffel is rôze-read. De skaaien binne itselde wat fearrekleed en formaat oanbelanget.
De Madagaskyske ûndersoarte C. t. bifrontatus hat in grize bân tusken de snaffel en de wite foarholle en de sydkanten fan 'e kop binne griis. It die út ûndersyk bliken dat der genetyske ferskillen tusken de populaasjes op Madagaskar en it fêstelân binne.
Juvenilen ha in soad fan 'e folwoeksen fûgels, alhoewol't de foarholle foar in lyts skoft brúneftich is en de wjukdekfearren ljochtbrune rânen ha. Trijebânwilsters ûnderskiede harren fan 'e gruttere en donkerdere Forbes'wilster mei't dy lêste in brune foarholle hat en gjin wite wjukstreek.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is in stânfûgel yn grutte dielen fan East-Afrika, súdlik Afrika en Madagaskar. Se libje oan ynlânske rivieren, dobben en marren dêr't er oan iepen wetterkanten te sjen is.
De trijebânwilster wurdt ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
- Thinornis tricollaris tricollaris – eastlik Afrika fan Etioopje oant Súd-Afrika
- Thinornis tricollaris bifrontatus- yn Madagaskar
De soarte hat koartlyn ek Egypte kolonisearre.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It nêst is in keal kûltsje tusken kiezelstientsjes. It lizzen fan 'e aaien wurdt fan maart oan juny yn 'e tropen, mar fral (mear as 70%) fan july oant oktober yn súdlik Afrika dien.
Hy wurdt faak allinnich sjoen, mar foarmet ek lytse groepen. Se jeie op ynsekten, wjirms en oare wringeleaze dierkes.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) beöardielet de bedrigingsstatus fan 'e tricollaris en bifrontatus apart en wurde net bedrige. De populaasjes wurde foar de C. t. tricollaris op 70.000–140.000 fûgels en de C. t. bifrontatus op 6.700–20.000 folwoeksen fûgels rûsd. Oannommen wurdt dat de C. t. tricollaris yn oantal tanimt, wylst de C. t. bifrontatus yn oantal ôfnimt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Strânwilster
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Madagaskar
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
