Trije keninkriken fan Koreä

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Trije keninkriken fan Korea)
De Trije keninkriken fan Koreä.

De trije keninkriken fan Koreä wienen de keninkriken Koguryo, Baekje en Silla. dy't fan de 1e iuw f.Kr. oant en mei de 7e iuw it Koreaanske Skiereilân en in grut part fan Mantsjoerije behearsken.

Fan âlds wurdt 57 f.Kr. sjoen as it begjin fan de perioade fan de trije keninkriken. Yn dat jier waard Saro, it lettere Silla, yn it súeasten fan it skiereilân in keninkryk. Yn 37 f.Kr. stifte Jumong it keninkryk Koguryo, op de iggen fan de Jalu, de rivier dy't no de grins fan Koreä mei Sina foarmet. Nei sizzen wie er ien fan de Fujo út Mantsjoerije, dy't nei it suden flechte wie. Yn 18 f.Kr. gong Onjo, in jongere soan fan Jumong wer súdliker, en stifte yn it súdwesten fan it skiereilân it keninkryk Baekje, mei as haadstêd in stêd yn it gebiet dêr't no Seûl leit.

Sa ûntwikkelen him yn Koreä trije grutte keninkriken. Net hindere troch Sina, dêr't oan it begjin fan de 3e iuw de Han-dynasty einige, ûntstie in mienskiplike Koreaanske kultuer. De keninkriken wreidden út oant se hiel it skiereilân omfetten. Yn it noarden wreidde Koguryo him ek noch út mei grutte stikken Mantsjoerije. Ek krige it in twadde haadstêd, Nangnang, it hjoeddeiske Pjongjang. Uteinlik krige Silla de oerhân. Yn 660 slagge it der yn Baekje te oerweldigjen. Doe, mei de Sineeske Tang-dynasty as bûnsgenoat koe it yn 668 ek Koguryo ynnimme, wat beskôge wurdt as it ein fan de perioade.