Springe nei ynhâld

Trije-ienheidstsjerke fan Gergeti

Ut Wikipedy
Trije-ienheidstsjerke fan Gergeti
Lokaasje
lân Georgje
regioMtscheta-Mtianeti
plakStepantsminda
koördinaten42°39' N 44°37' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipGeorgysk-Otterdokse Tsjerke
Kaart
Trije-ienheidstsjerke fan Gergeti (Georgje-reliëf)
Trije-ienheidstsjerke fan Gergeti

De tsjerke fan Gergeti is in otterdoks tsjerkegebou yn it noarden fan Georgje. It wie de tsjerke fan it eartiidske, net mear besteande doarp Gergeti, dat oan 'e rjochter igge fan 'e Chkeri lei, in lofter sydrivier fan 'e Terek. De doarpsbewenners moasten de tsjerke ûnderhâlde en wienen hearrich oan 'e Trije-ienheidstsjerke. De tsjerke stiet yn 'e regio Mtscheta-Mtianeti op in hichte fan 2.170 meter by it stedsje Stepantsminda dat eartiids it sintrum wie fan 'e histoaryske krite Chevi.

It kompleks bestiet út in tsjerke en in klokketoer. In krekte boudatum is net fêst te stellen, mar wittenskippers rûze de boutiid op basis fan 'e styl op 'e 14e iuw. Yn 'e 15e iuw soe tsjin de súdlike muorre it bygebou oanboud wêze.

Ynterieur.

De tsjerke hat in rjochthoekich grûnplan. De koepel rêst op de muorren fan 'e eastlike apsis en twa frijsteande pylders. De blokken natoerstien dêr't de tsjerke yn oplutsen binne oan 'e bûtenkant fjouwerkant. De gevel en de koepel binne mei Georgyske ornaminten fersierd, dy't ek op 'e muorren fan klokketoer oanwêzich binne.

De 18e-iuwske Georgyske histoarikus, geograaf en kartograaf Vachûsjti Ваchrationi (1696 1757) skreau dat yn nuodlike tiden yn 'e tsjerke wichtige reliken bewarre waarden. Dêrûnder wie bygelyks ek it krús fan 'e hillige Nino. Yn 'e Sovjet-tiid waarden de tsjerketsjinsten ferbean, mar it gebou bleau in soad besikers lûken. Yn Gergeti waard de kronyk "Mosachsenebeli Sultai" (Georgysk: მოსახსენებელი სულთაი) skreaun, dêr't wichtige ynformaasje oer de skiednis fan Georgje yn stiet.

Sûnt de jierren 1990 wurdt de Trije-ienheidstsjerke wer brûkt foar tsjerketsjinsten. De tsjerke is in populêre bestimming foar pylgers en sûnt 2023 is der oant de gersflakte ûnder de tsjerke in ferhurde dyk oanlein. Foar dy tiid lei der allinnich in grintpaad.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gergeti Trinity Church fan Wikimedia Commons.