Trije-ienheidskleaster (Moerom)

Ut Wikipedy
Trije-ienheidskleaster

Троицкий монастырь

Trije-ienheidskatedraal (lofts) en de Kazantsjerke mei klokketoer (rjochts).
Trije-ienheidskatedraal (lofts) en de Kazantsjerke mei klokketoer (rjochts).
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Vladimir
plak Moerom
koördinaten 55° 34' N 42° 03' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1643
opheffing 1923
weriepening 1991
Ynformaasje bou
boujier âldste bouwurken 17e iuw
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 331520260510006
Kaart
Trije-ienheidskleaster (Jeropeesk Ruslân)
Trije-ienheidskleaster

It Trije-ienheidskleaster (Russysk: Троицкий монастырь; Troitski Monastyr) is in kleaster fan it bisdom Moerom fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. It stiet yn 'e stêd Moerom, Ruslân, en is bekend fanwegen it bewarjen fan 'e reliken fan 'e hilligen Peter en Fevronia, dy't yn Ruslân fereare wurde as de patroanhilligen fan it houlik en it hûsgesin.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster oan it begjin fan 'e 20e iuw.

It kleaster waard yn it twadde fearn fan 'e 17e iuw stifte (1643) troch de keapman Tarasijem Tsvetnov. Neffens in pear lokale histoarisi stiet it kleaster op it plak, dêr't prins Konstantyn, dy't de heidenen fan Moerom ta it kristendom bekearde, in oan 'e hilligen Boris en Gleb wijde houten tsjerke bouwe liet.

Tarasijem Tsvetnov liet yn 'e jierren 1642–1643 op it plak fan 'e Boris en Gleb-tsjerke de stiennen Trije-ienheidskatedraal bouwe, dy't der ek no noch altiten stiet. Yn 1643 frege de keapman oan 'e biskop fan Rjazan en Moerom tastimming om in kleaster oan 'e tsjerke te ferbinen. De tsjerke is fersierd mei fergulde krusen en benammen de dekoraasje mei tegels ûnderskiedt de Trije-ienheidskatedraal fan oare tsjerken yn Moerom.

Wat letter waard yn 'e jierren 1648-1652 op it súdlike diel fan it kleaster in oan 'e Ikoan fan de Mem-Gods-fan-Kazan wijde tsjerke boud. De poartetsjerke hat ien tintefoarmige toer en in oangrinzgjende klokketoer fan meardere ferdjippings.

Sergius fan Radonezjtsjerke.

It kleaster waard op befel fan 'e Sovjet-autoriteiten yn 1923 sletten. Yn 1975 waard de houten Sergius fan Radonezj-tsjerke út it doarp Krasnov oerbrocht nei it kleasterterrein, dat in monumint fan 'e houten arsjitektuer út de 18e iuw is.

Weriepening fan it kleaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 15 maaie 1991, op de feestdei fan de hillige prinsen Boris en Gleb, waard it kleaster op 'e nij iepene. De reliken fan 'e otterdokse hilligen Peter en Fevronia foarmje de belangrykste reliken fan it kleaster. Oant 1921 rêsten de reliken yn 'e yn 'e jierren 1930 ferneatige Katedraal fan de Berte fan Kristus. Se waarden doe oerbrocht nei it lokale museum fan Moerom en binne yn it ramt fan 'e weriepening fan it kleaster oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke werom jûn.

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Trije-ienheidkatedraal (1642-1643).
  • Tsjerke fan de Kazan-ikoan (1648).
  • Sergius fan Radonezj-tsjerke (1715).
  • Peter en Frevoniakapel (2010).

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Троицкий монастырь (Муром)