Trije-ienheidskatedraal (Brjansk)
Trije-ienheidskatedraal
Троицкий собор | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Pr. Lenina, 58/1 | |
koördinaten | 53° 14' N 34° 22' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 2006—2012 | |
offisjele webside | ||
Sobor-Bryansk |
De Katedraal fan de Hillige Trij-ienheid (Russysk: Собор Троицы Живоначальной) is in Russysk-otterdokske tsjerke yn de Russyske stêd Brjansk. De katedraal is de grutste tsjerke fan it bisdom Brjansk.
De âlde katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De oarspronklike katedraal wie in tsjerke út it ein fan de 19e iuw. Nei de Oktoberrevolúsje waard de tsjerke al yn 1924 sletten fanwegen de "foar de sûnens skealike konsintraasje fan kontrarevolúsjonêre eleminten". It gebou krige dêrnei ferskate bestimmings, mar waard yn de Twadde Wrâldkriich slim skeind en neitiid net wer restaurearre.
By in nije anti-religieuze kampanje yn it lân waard de eardere katedraal, alteast wat der oer wie, op 20 july 1968 opblaasd. Foar it ferwoastgjen fan de katedraal moasten de ynwenners fan de omlizzende bebouwing evakuearre wurde. Noch op it lêst besochten boargers mei in telegram de autoriteiten te beweegjen de katedraal net te ferneatigjen, mar de autoriteiten bewearden letter dat hja it telegram pas krigen doe't de katedraal al yn pún lei. De heuvel dêr't de katedraal op stie waard dêrnei mei de grûn lyk makke en yn de jierren 1980 waard dêr in konsertseal boud.
Ta neitins fan de ferwoastge katedraal waard by it konsertgebou yn 2002 in houten Marijekapel boud.[1]
De nije katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ear't mei de nijbou fan in nije katedraal úteinset waard, die de Opstanningstsjerke tsjinst as katedraal. Dizze tsjerke wie yn de jierren 1930 sletten, mar tidens de Dútske besetting wer iepene en dêrnei net wer sletten.
Mei de bou fan de hjoeddeiske katedraal waard yn 2006 begûn. Yn 2009 waard de earste Godlike Liturgy yn de benedentsjerke fierd en op 24 maaie 2012, op it feest fan de Himelfeart en de dei fan de hilligen Syril en Methodius (de nammedei fan patriarch Kirill), fûn ûnder lieding fan biskop Aleksander de earste fiering fan de Godlike Liturgy yn de boppetsjerke plak. Op 1 july 2012 folge de rite fan de grutte konsekraasje troch patriarch Kirill I.
By de tsjerke heart ek noch de 80 meter hege frijsteande klokketoer.
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:ru:Троицкий собор (Брянск)]
|