Springe nei ynhâld

Trije-ienheidstsjerke (Tver)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Trije-ienheidkatedraal (Tver))
Trije-ienheidstsjerke

Троицкая церков

Lokaasje
lân Ruslân
plak Tver
adresТroitskaja ûlitsa, 38
koördinaten56°51'N 35°53'E
Arsjitektuer
boujier1564
monumintale statusmonumint fan federaal belang
monumintnûmer691410870910006
Webside
side fan 'e katedraal
Kaart
Trije-ienheidstsjerke (Tver)
Trije-ienheidstsjerke

De Trije-ienheidstsjerke (Троицкая церков; Troitskaja tsjerkov) is in otterdokse parochytsjerke yn Tver yn 'e Russyske Federaasje. Fanwegen de wite kleur fan 'e bûtenmuorren wurdt de tsjerke ek de 'Wite Trije-ienheid' (Белая Троица; Belaja Troitsa) neamd. It is de âldste stiennen tsjerke fan Tver en de tsjerke is in histoarysk monumint fan federaal belang.

De tsjerke waard stifte fan 'e keapman Gavrila Andrejevitsj Tûsjinki en waard neffens in bewarre bleaune plakette yn 'e tsjerke op 15 augustus 1564 ynwijd. Op dy plakette stiet net allinne de datum mar ek de nammen fan 'e biskop fan Tver dy't de tsjerke ynwijde en de stifter fan 'e tsjerke.

Nei alle gedachten wie it gebou yn dy tiid folle ienfâldiger as hjoed-de-dei. Doe't de tsjerke boud waard wiene der maksimaal mar trije koepels. Yn 'e 17e iuw fûn der in útwreiding plak ta wat de tsjerke no is en doe waard it oantal koepels ta sân ferhege. Yn 1787 waard de Efremovski-kapel oan het haadgebou tafoege.

Mei de útwreiding fan Tver mei de wyk Zatmatsje kaam de tsjerke yn 1777 tichteby de bebouwing te stean. In skoft bleau de tsjerke oan 'e râne fan 'e stêd stean, mar letter waard der ek oan 'e oare kant fan 'e tsjerke boud sadat de tsjerke yn it sintrum fan Zatmatsje kaam te stean. Om 'e tsjerke ûntstie op 'e krusing fan twa strjitten in plein, dat de namme Trije-ienheidsplein krige. De strjitte dy't late nei it kremlyn fan Tver krige de namme Trije-ienheidsstrjitte.

Oan it begjin fan 'e 19e iuw waard in klokketoer fan twa ferdjippingen tafoege, dy't yn 1878 mei noch in ferdjipping ferhege waaard. Yn 'e 19e iuw waaard noch in twadde sydkapel tafoege.

De Trije-ienheidstsjerke wie yn 'e Sovjettiid sûnt 1962 fiifentwintich jier lang de iennige tsjerke fan 'e stêd dy't iepen bleau. Yn 'e selde tiid naam it oantal ynwenners fan 'e stêd fan hast 290.000 oant 450.000 minsken ta.

De fresko's fan 'e tsjerke datearje út de 18e en 19e iuw. De belangrykste ikonostaze stamt út de 18e iuw. Yn de tsjerke wurde yn it bysûnder de reliken fan 'e hillige muonts Makari Kaljazinski fereare.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Белая Троица