Springe nei ynhâld

Tridentynske misse

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tridentynske ritus)
It fieren fan 'e Tridentynske misse yn Kleaster Marije Engelport, Dútslân.

De Tridentynske misse is de foarm fan 'e eucharistyfiering yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke sa't dy fêstlein waard nei it Konsily fan Trente (1545-1563; Tridentinus betsjut 'út Trente'). Fan 1570 oant de liturgyske fernijings fan it Twadde Fatikaansk Konsily yn 1969 wie dit de standertliturgy fan 'e Tsjerke fan Rome.

De misse wurdt ek wol de Alde Misse", de tradysjonele Latynske misse" of de Usus Antiquior neamd. Sûnt it motu proprio Summorum Pontificum(2007) fan paus Benediktus XVI waard de misse offisjeel as in bûtengewoane foarm fan 'e Romeinske ritus oantsjut. Paus Fransiskus hat yn july 2021 it dokumint "Traditionis Custodes" (Beskermers fan 'e Tradysje) útjûn en dêrmei binne de regels foar de fiering fan 'e Tridentynske misse wer stranger wurden.

De Tridentynske misse wykt op in oantal punten fan 'e moderne misse (Novus Ordo) ôf:

  • De folsleine liturgy wurdt yn it Latyn fierd, mei útsûndering fan 'e preek en somtiden de lêzings, dy't yn 'e folkstaal dien wurde.
  • De pryster fiert de misse nei it easten ta (Ad Orientem), dat wol sizze mei it gesicht nei it alter en it krúsbyld ta. De pryster sjocht deselde kant ús as it folk, wat symbolisearret dat hja mienskiplik ûnderweis binne nei God.
  • In grut part fan 'e gebeden, benammen de eucharistyske kanon, wurdt troch de pryster sêft of yn stilte útsprutsen.
  • De leauwigen krije de hosty knibbeljend oan 'e kommunybank en op 'e tonge, net yn 'e hân lykas dat hjoed-de-dei wenst is.

Opbou fan 'e misse

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De misse bestiet út twa haaddielen:

  • De Misse fan 'e Kategumenen (foarmisse) rjochtet him op it ûnderwiis en it gebed. It bestiet út foargebeden oan 'e foet fan it alter (confiteor), it Kyrie, it Gloria, de Collecta, it Epistel en it Evangeelje. Oarspronklik mochten yn dit diel ek minsken wêze dy't noch net doopt wiene, mar wol ûnderwiis folgen (kategumenen).
  • De Misse fan 'e Leauwigen is it sakramentiele diel en begjint nei de preek en it Credo mei it offertoarium (de tarieding fan 'e jeften foar de eucharisty), folge troch de eucharistyske kanon en de kommuny.

De liturgy fan 'e Romeinske misse hat syn woartels yn 'e iere tsjerke, mar waard yn 1570 troch paus Pius V ienfoarmich makke foar de hiele westerske tsjerke mei de bul Quo Primum. Dat wie in reaksje op 'e reformaasje om lokale fariaasjes en wyldgroei yn 'e liturgy út te bannen.

Yn 1969 fierde paus Paulus VI in nije mis-oarder yn. In lytse groep katoliken bleau lykwols trou oan 'e âlde foarm. Dat late somtiden ta spanningen yn 'e tsjerke. Hjoed-de-dei wurdt de Tridentynske misse noch altyd fierd troch ferskate bruorskippen, lykas de Prysterbruorskip fan Sint-Petrus (FSSP) en de Prysterbruorskip fan Sint-Pius X (SSPX).

Under Benediktus XVI mochten prysters sels beslute om de Tridentynske misse te lêzen sûnder tastimming te freegjen. Paus Fransiskus hat dat foech weromjûn oan 'e lokale biskop. De Tridentynske misse wurdt langer net as in bûtengewoane foarm fan 'e Romeinske misse beskôge. In pryster moat no eksplisyt tastimming fan syn biskop hawwe. Biskoppen meie boppedat gjin tastimming mear jaan foar de oprjochting fan nije groepen of parochys dy't de âlde misse fiere wolle. De besteande groepen meie bliuwe, mar meie net mear útwreidzje. Opfallend is ek dat de Tridentynske misse yn prinsipe net yn gewoane parochytsjerken fierde wurde meie. De biskop moat oare lokaasjes oanwize, lykas kapellen of kleastertsjerken. Dy regel moat foarkomme dat der twa ferskillende tsjerken yn ien parochy ûntsteane.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tridentynske misse fan Wikimedia Commons.