TriBeCa Productions

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tribeca Enterprises)
TriBeCa Productions
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor filmstudio
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1989
oprjochter Robert De Niro
Jane Rosenthal
eigner Robert De Niro
Jane Rosenthal
Craig Hatkoff
mem Tribeca Enterprises
offisjele webside
www.tribecafilm.com

TriBeCa Productions (ek wol skreaun as Tribeca Productions) is in Amerikaanske filmstudio en tillefyzjestudio dy't yn 1989 oprjochte waard troch akteur Robert De Niro en filmprodusinte Jane Rosenthal. It bedriuw is ferneamd nei de buert Tribeca, yn it súdlike diel fan 'e New Yorkske borough Manhattan, dêr't it fêstige is.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

TriBeCa Productions waard yn 1989 oprjochte troch filmstjer Robert De Niro yn gearwurking mei filmprodusinte Jane Rosenthal, oan it begjin fan in weroplibbing fan 'e belangstelling yn 'e Amerikaanske filmyndustry foar it opnimmen fan films en tillefyzjeprogramma's op lokaasje yn 'e stêd New York.

Foarôfgeande oan 'e 1990-er jierren wie it nammentlik foar Amerikaanske filmstudio's foardieliger om sênes mei in stedske eftergrûn op te nimmen yn Kanadeeske plakken as Vancouver of Toronto. Sûnt de oprjochting fan TriBeCa Productions hawwe oare filmstudio's en ûnderdielen fan filmstudio's har yn ferskate buerten fan New York fêstige. It opnimmen fan films en tillefyzjeprogramma's yn 'e stêd is dêrtroch wer hiel gewoan wurde.

Yn 2003 brochten De Niro, Rosenthal en harren partner Craig Hatkoff TriBeCa Productions ûnder by Tribeca Enterprises. Dat is in grutter mediabedriuw, dat ek de Tribeca Cinemas omfiemet en it elts jier it Filmfestival fan Tribeca organisearret.

Produksjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Tillefyzjeprogramma's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.