Springe nei ynhâld

Treurmaina

Ut Wikipedy
treurmaina
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprotterfûgels (Sturnidae)
skaaimaina's (Acridotheres)
soarte
Acridotheres tristis
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     lânseigen
     yntrodusearre

De treurmaina of treurprotter (Acridotheres tristis) is in sjongfûgel út de famylje protterfûgels (Sturnidae). De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en wurdt by ús as in ynvasive soarte beskôge.

Fûgels yn Súd-Afrika.

De soarte is in brune fûgel fan likernôch 23 sm lang. De kop is swart mei in giel neaken plak om 'e eagen en in giele snaffel en poaten. Op 'e wjukken binne grutte wite plakken, dy't yn 'e flecht goed te sjen binne.

De treurmaina komt oarspronklik yn tropyske gebieten fan Súdeast-Aazje foar yn iepen boskeftige kriten, lânbougebieten, by delsettings en yn stêden.

Fan 'e soarte wurde twa ûndersoarten erkend:

Troch ûntsnapte koaifûgels en yntrodusearre fûgels binne der populaasjes op in soad plakken bûten it oarspronklike ferspriedingsgebiet ûntstien, benammen yn grutte dielen fan it Midden-Easten, Sintraal-Aazje, Austraalje en Nij-Seelân, mar ek op eilannegroepen yn Oseaanje, yn 'e Yndyske Oseaan (Komoaren, Seysjellen ) en de Atlantyske Oseaan (Sint-Helena, Ascension en Tristan da Cunha) en yn Afrika (Súd-Afrika, Egypte en Simbabwe). Waarnimmings yn Jeropa (ynklusyf de Kanaryske Eilannen, Frankryk en Itaalje) komme nei alle gedachten fan dy fûgels ynstee fan 'e oarspronklike populaasje.

De soarte is yn 2021 ek yn It Hearrenfean waarnommen. De provinsje Fryslân hie opdracht jûn om de fûgels út de natuer te ferwiderjen. De oarsprong fan 'e fûgels wiene mooglik ûntsnapt of út finzenskip frijlitten. As se fongen waarden, soene se nei in spesjalisearre opfang brocht wurde.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Treurmaina dy't in rotteslang oanfalt.

Treurmaina's binne net tier en ite ynsekten, fruit, griente en meie ek wol by jiskebulten omskarrelje oft dêr wat fan harren gading is. Se kinne in fruchtbeam plonderje en wurde dêrfandinne as pleachfûgel beskôge.

De treurmaina is monogaam en boud it nêst yn in beam holte of yn muorren en oare keunstmjittige nêstplakken. De nêsten wurde fan blêd, gers, fearren en ôfeart makke en in lechsel bestiet út fjouwer oant seis aaien. De âlders briede de aaien yn 13 oant 18 dagen út en fleane nei likernôch 30 dagen út. Nei in jier binne se geslachtsryp. Ofhinklik fan it ferspriedingsgebiet kin de fûgel mear as ien kear briede. Se wurde likernôch 4 jier âld.

De treurmaina kin minsken neiprate.

De treurmaina is in populêre koaifûgel en libbet graach tichteby minsken. Sûnt 2019 wurdt de fûgel troch de EU as ynvasyf beskôge. It is dêrom yn 'e EU ferbean om de soarte te fokken, te hâlden, te ferhanneljen, út te wikseljen of te ferfieren.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mar nimt yn it oarspronklike gebiet yn oantallen ôf. De wrâldpopulaasje wurdt op 200 miljoen fûgels rûsd (2017). De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: