Treurdowen
Appearance
| Treurdowen | ||
| Treurdo | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | do-eftigen (Columbiformes) | |
| famylje: | dowen (Columbidae) | |
| skaai: | treurdowen (Zenaida) | |
| Bonaparte, 1838 | ||
| Soarten | ||
| ● ● ● ● ● ● ● | ||
Treurdowen of roudowen (Zenaida) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje dowen (Columbidae). De wittenskiplike namme Zenaida ferwiist nei de namme Zénaïde Bonaparte, de frou fan Karel Lusiaan Bonaparte, dy't de soarte beskreau en it skaai de namme joech.
De soarten wurde allegear treurdo neamd om't de (gewoane) treurdo (Zenaida macroura) in fertrietlik lûd produsearret.
It ferspriedingsgebiet leit fan Kanada oant it suden fan Súd-Amearika.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it skaai wurde sân soarten ûnderskieden. Ien dêrfan, de Socorrodo, is yn it wyld útstoarn.
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Status / trend |
|---|---|---|---|
| Antiljaanske do | Zenaida aurita | net bedrige stabyl[1] | |
| Eardo | Zenaida auriculata | net bedrige | |
| Galapagosdo | Zenaida galapagoensis | hast bedrige | |
| Peruaanske treurdo | Zenaida meloda | net bedrige | |
| Socorrodo | Zenaida graysoni | útstoarn yn it wyld weryntroduksje yn tarieding[5] | |
| Treurdo | Zenaida macroura | net bedrige | |
| Wytwjuktreurdo | Zenaida asiatica | net bedrige | |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
