Treinramp by Ruinerwold

Ut Wikipedy
Treinramp by Ruinerwold
bysûnderheden
type ramp treinramp
subtype Frontale botsing
oarsaak Mist sein en alkohol
datum 3 jannewaris 1888
tiid 21.30 oere
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Ruinerwold
statistiken
deaden 5
ferwûnen 10
lokaasje
Treinramp by Ruinerwold (Nederlân)
Treinramp by Ruinerwold
Lokaasje fan 'e treinramp yn Nederlân.

De treinramp by Ruinerwold barde op tiisdei 3 jannewaris 1888 om 21.30 oere net fier fan Stopplak Ruinerwold op it Spoar fan Meppel nei Grins. By de botsing wie in stoptrein en in flugge trein belutsen. By de botsing kamen 5 passazjiers om it libben en rekken tsien passazjiers ferwûne.

Belutsen treinen en omstannichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de ramp wiene twa treinen belutsen

  • Stoomtrein, ûnderweis fan Swol nei Grins.
  • Stoomtrein, ûnderweis fan Grins nei Swol.

It spoar tusken Grins en Meppel wie doetiids inkeldspoar en waard betsjinne troch treinen dy't inoar op foarôf bepaalde stasjons krústen. Ien fan de fêste stasjons wie halte Echten. Op de jûn fan 3 jannewaris 1888 moasten de trein fan 19.35 út Grins wei en de sneltrein fan 20.15 út Swol wei inoar dêr kruse. De trein út Meppel wie lykwols in healoere fertrage, wêrtroch besletten waard om de treinen net yn Echten mar by Stasjon Koekange kruse te litten. Dat waard letter feroare yn in krusing by it Stopplak Ruinerwold. Dêrnei sette de trein út Grins wei, yn Echten fierder ôf rjochting Koekange en dêrnei nei Ruinerwold. De stasjonsjef fan Ruinerwold sette it sein foar de trein út Grins op feilich en foar dy út Swol op ûnfeilich. Sawol de masinist as stoker fan de trein út Swol hiene it sein ûnfeilich mist, wêrtroch't se te fluch it Stopplak Ruinerwold foarby rieden. De stasjonsjef besocht mei in ljochtseinen de bestjoerders te warskôgjen, wat net holp. Fan de oare kant kaam de trein út Grins, dy't al oan it ôfremjen wie foar de stop yn Ruinerwold. Op in ôfstân fan sa'n 200 meter fan it stopplak botsten de beide treinen op inoar. Fan beide treinen waarden de lokomotiven yninoar drukt en in tal reau folslein ferneatige, ien fan de lokomotiven kantele nei de botsing. Help kaam rap op gong en de ferwûnen waarden nei sikehuzen yn Grins en Meppel ferfierd. Nei ûndersyk die bliken dat de masinist fan de trein út Swol tefolle dronken hie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: