Springe nei ynhâld

Treinramp by Riedlingen

Ut Wikipedy
Treinramp by Riedlingen
Trein 612 633
Trein 612 633
bysûnderheden
type ramptreinramp
subtypeûntspoaring
oarsaakierdferskowing
datum27 july 2025
tiid18:10 CEST
lân Dútslân
DielsteatFlagge fan Baden-Wuertemberch Baden-Wuertemberch
KreisWapen fan Biberach Biberach
plakWapen fan Riedlingen Riedlingen
statistiken
deaden3
ferwûnen36
net-ferwûnen11
lokaasje
Treinramp by Riedlingen (Baden-Wuertemberch)
Treinramp by Riedlingen
Lokaasje fan it ûngelok yn Baden-Wuertemberch

De treinramp by Riedlingen barde op snein 27 july 2025 om 18:10 oere sa'n 7 kilometer benoarden it Dútske Riedlingen op it spoar fan Ulm nei Sigmaringen yn Baden-Wuertemberch. De trein 3227 Regional-Express (RE 55) besteande út twa treinstellen fan it type baureihe 612 mei de nûmers 612 112/612 en 612 133/633 ûntspoarde as gefolch fan in ierdferskowing nei't der yn it gebiet yn koarte tiid sa'n 50 mililiter rein fallen wie.

Op it momint fan it ûngelok ried de trein mei in faasje fan sa'n 80 km/o yn de bocht nei rjochts. De RE 55 kaam yn de fuortspielde ierde telâne en ûntspoarde. It earste treinstel waard dêrnei in helling optreaun en botste tsjin in beam, wêrby't de foarkant ôfskuorde. De treinstellen rekken yninoar klamme; op syn minst ien treinstel kantele. Op it momint fan it ûngelok sieten der sa'n 50 passazjiers yn de trein. By de ûntspoaring kamen 3 minsken om it libben wêrûnder de masinist en in meiwurker fan Deutsche Bahn. Der rekken noch ris 36 passazjiers ferwûne. De plysje gie earst út fan 41 ferwûnen, wêrfan 25 slim ferwûne, mar korrizjearre letter it tal ferwûnen nei 36.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: