Springe nei ynhâld

Treinramp by Eschede

Ut Wikipedy
Treinramp by Eschede
De ravaazje nei it ûngelok
De ravaazje nei it ûngelok
bysûnderheden
type ramptreinramp
subtypeûntspoaring
oarsaakmetaalwurgens
datum3 juny 1998
tiid10.59 CEST
lân Dútslân
DielsteatFlagge fan Nedersaksen Nedersaksen
KreisFlagge fan Celle Celle
plakWapen fan Eschede Eschede
statistiken
deaden101
ferwûnen88
net-ferwûnen98
lokaasje
Treinramp by Eschede (Nedersaksen)
Treinramp by Eschede
Lokaasje fan it ûngelok yn Nedersaksen

De treinramp by Eschede barde op woansdei 3 juny 1998 om 10.59 oere by it Dútske Eschede op it spoar fan Lehrte nei Cuxhaven yn Nedersaksen ûntspoarde in Intercity-Express (ICE). Hjirby kamen 101 passazjiers om it libben en rekken 88 persoanen slimferwûne. It wie oant dan ta it slimste ûngelok yn de skiednis fan de Deutsche Bahn en tagelyk it slimste ûngelok mei in hegefaasjetrein oer de hiele wrâld.

Technyske oarsaak

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al gau nei de yn gebrûk nimmen fan de Baureihe 401 ek wol bekend as de ICE 1 hegefaasjetrein yn 1991 klagen passazjiers deroer dat har by hege faasje hinderlike trillingen foardiene, benammen yn it restauraasjereau, dêr't as gefolch dêrfan buorden en glêzen "oan de kuier" giene. Dy trillings wiene it gefolch fan ûnregelmjittige slitaazje en metaalwurgens fan de tsjillen fan it reau. De Deutsche bahn naam dêrom it beslút om tsjillen te brûken foarsjoen fan in 20 mm dikke hurdrubberen laach tusken de kearn fan it tsjil en de metalen bûtenring om de skokken better op te fangen. Dy tsjillen waarden ein 1991 earst op sân restauraasjereau test en begjin 1992 waarden nochris in sechstichtal rydtugen omboud. Yn febrewaris 1992 waard by ien fan de teste tsjillen in skuor fêststeld. Dochs beskôgen de yngenieurs yn juny 1992 de tests as suksesfol en yn oktober besleat de direksje ta de ombou fan al it reau fan Baureihe 401.

Op woansdei 3 juny 1998 gie it mis. Op dy dei wie de ICE 884 "Wilhelm Conrad Röntgen" fan München ûnderweis nei Hamburg, mei sawat 200 km/o likernôch seis kilometer foar it plak Eschede, doe't om likernôch 10.55 oere in tsjil mei it rubber en it metalen ring troch metaalwurgens barste oan de tredde as fan 'e earste reau. De sprongen ring wuolle him fan it tsjil ôf, de boppekant skeat troch de flier en kaam yn de trein krekt tusken twa stuollen telâne. De ûnderkant bleau lykwols ûnder de trein hingjen. In passazjier dy't it foarfal opmurken hie, gie nei de kondukteur en besocht dizze oer te heljen de trein stil te setten, mar dizze woe earst sels sjen wat der oan de hân wie. Safier is er nea kaam.

Sa'n 51 kilometer fierderop, doe't de trein om 10.58 oere sa'n 200 meter foar in brêge oer de earste fan twa opienfolgjende wiksels ried, knalde de noch hieltyd yn de treinboaiem stekkende ring tsjin in rail fan it earste wiksel en skuorde dy fan'e bielzen ôf; dy boarre ek troch de boaiem fan 'e trein, skeat yn 'e balkon deunby de doar oant yn it dak omheech en drukte dêrby it asseblok út it spoar. De ûnderkant fan de stikkene ring luts de ferbiningsstange tusken de wikseltongen ûnder de trein om, sadat de achterste assen fan rydtúch 3 op in njonkenspoar laat waarden. Op de foar folle legere snelheden neamde wiksel koe it fansiden útslaande reau him net hâlde. It slingere mei 200 km/o oer it njonkenspoar wei tsjin de pylder fan in ferkearsbrêge by Eschede, dy't dêrtroch ynstoarte. Rydtúch 4, dat troch de hommelse spoarwiksel fan rydtúch 3 by noch altyd 200 km/o ek ûntspoard wie, kaam noch ûnder de ynstoartende brêge troch en bedarre yn in 'e beammen efter de brêge.

De 200 ton swiere brêge fan de Rebberlaher Strasse stoarte yn op it momint dat de twadde helte fan it fyfde rydtúch ûnder de brêge troch kaam en fermoarzele it. De folgjende reau seagen byinoar yn in hiel lytse romte fan likernôch de lingte fan in inkeld reau. Rydtúch 6, rydtúch 7, it servicerijtúch en de restauraasjewein (BordRestaurant), dy't troch ynstoartende brêge oant 15 à 20 sintimeter gearparse waard, en de rydtugen 10, 11 en 12 fan de earste klasse, waarden slim skansearre. De efterste motorwein ûntspoarde ek en ried tsjin 'e bulte wrakstikken op.

De foarste motorwein stopte troch it brekken fan de trein, dêrtroch waarden de remmen automatysk aktivearre en kaam it foarste part fan de trein, wêrûnder de motorwein, pas twa kilometer nei it stasjon fan Eschede ta stilstân. De masinist joech letter foar de rjochtbank oan, dat er foar Eschede allinnich mar in hommelse ruk field hie en in fermogensferlies fernaam. Nei't de trein ta stilstean kaam wie, gie er dêrom earst fan in technysk defekt út en besocht út de kabine wei om fergees de útfallen stroomfoarsjenning te werstellen. Oer it ûngelok waard er pas troch de treintsjinstlieder fan stasjon Eschede per telefoan ynformearre. It doarre noch oant twa oeren nei de ramp dat de masinist út de kabine kaam.

Yn 2013 waard ta oantinken oan de ramp, ticht by it plak fan it ûngelok in hôf mei 101 beammen plante, foar elk deadlik slachtoffer in beam. Tusken dy beammen is in tinkmuorre mei nammen fan de slachtoffers oprjochte.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: