Treftsjerke (Appelskea)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Treftsjerke
Treftsjerke, Appelskea.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Ooststellingwerf wapen.svg Eaststellingwerf
plak Appelscha wapen.svg Appelskea
adres Wester Es 50
bysûnderheden
type bouwurk Foarhinne tsjerke
boujier 1903
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31716

De Treftsjerke is de eardere herfoarme tsjerke fan Ald-Appelskea. De tsjerke waard yn it jier 2000 foar de earetsjinst sletten en is tsjintwurdich in atelier.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âlde tsjerke dy't yn april 1903 ôfbaarnde

Noch foar it jier 1328 waard yn de buorskip Terwisscha in oan de hillige Nikolaas wijd tsjerkje boud. De tsjerke wie ek ornearre foar de bewenners fan de buorskippen Aakingea en De Bult. Fanwegen de iensume lokaasje op de heide fan dat tsjerkje waard foar it troch de turfwinning groeiende Appelskea oan de feart in nije tsjerke boud.

It âlde tsjerkje yn Terwisscha hie oarspronklik in sealtektoer, mar om't de toer de klok net mear drage koe waard dy yn 1857 (of 1858) ôfbrutsen en ferfongen troch in klokkestoel. Yn 1903 baarnde de âlde tsjerke út en kaam dêr it tsjintwurdige gebou foar yn it plak.

De klokkestoel waard yn 1986 fernijd. Under it wulfdak hinget in yn 1435 troch J. van Bomen getten klok mei in diameter fan 88,1 sintimeter.

Sûnt 2001 is de Treftsjerke oernommen troch in partikulier en yn gebrûk as atelier. It gebou is in ryksmonumint.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: