Transfiguraasjekleaster (Jaroslavl)

Ut Wikipedy
Transfiguraasjekleaster

Толгский монастырь

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Jaroslavl
plak Jaroslavl
koördinaten 57° 37' N 39° 53' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
Ynformaasje bou
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 761520003750006
Kaart
Transfiguraasjekleaster (Jeropeesk Ruslân)
Transfiguraasjekleaster

It Kleaster fan de Transfiguraasje fan de Hear (Спасо-Преображенский мужской монастырь; ek: Spaso-Preobrazjensky Kleaster) is in earder kleaster yn Jaroslavl, Ruslân. It kleaster spile in wichtige rol yn 'e skiednis fan 'e stêd en op it grûngebiet fan it kleaster waard yn 'e 18e iuw it Igorliet ûntdutsen, in hichtepunt fan 'e midsiuwske Russyske literatuer.

It kleaster leit yn it histoaryske sintrum fan 'e stêd oan 'e lofter kant fan 'e Kotorosl, dêr't de rivier útmûnet yn 'e Wolga. Tal fan prinsen, biskoppen, aartsbiskopen, metropoliten en foaroansteande ynwenners fan Jaroslavl fûnen yn 'e muorren fan it kleaster in lêste rêstplak.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Transfiguraasjekatedraal.

It kleaster spile as geastlik, kultureel en ekonomysk sintrum in wichtige rol yn 'e skiednis fan Jaroslavl. It waard yn 'e 12e iuw op in strategysk plak by in trochgong oer de Kotorosl stifte, sa't it ûnderdiel útmeitsje koe fan it ferdigeningssysteem fan 'e stêd. Tusken 1216 en 1218 waard binnen de muorren fan it kleaster de earste tsjerklike skoalle yn it noardeastlike diel fan 'e Rûs oprjochte. Tagelyk waard mei de bou fan in earste katedraal foar it kleaster útein set.

Yn it kleaster waarden de foarsten fan it prinsdom Jaroslavl begroeven en al yn 'e 13e iuw besiet it kleaster in grutte bibleteek mei manuskripten. Dielen fan it houten kleaster gyngen mei in grutte brân yn 1501 ferlern. De gebouwen waarden troch stiennen gebouwen ferfongen, dy't foar in part oant hjoeddedei bewarre bleaun binne. Derûnder falt ek de Transfiguraasjeskatedraal, dy't yn 1516 oplevere waard.

Healwei de 15e iuw wie it mei it selsstannige prinsdom dien en waard Jaroslavl in part fan it Grutfoarstedom Moskou. Foar de Moskouse foarsten en letter ek de leden fan it tsarehûs wie it kleaster in wichtich pylgerplak. Tsjin 'e ein fan 'e 16e iuw wie it kleaster troch jeften sa ryk woarn, dat it in soad lân om Jaroslavl, Kostroma en Moskou hinne besiet.

It kleaster yn de 17e iuw.

Troch de nije stiennen ferdigeningsmuorre koe it kleaster yn 'e Tiid fan Ûnstjoer yn it begjin fan 'e 17e iuw by in belis fan de Poalsk-Litouske troepen stân hâlde. De troch it belis skansearre ferdigeninswurken waarden yn 'e jierren 1621-1646 op 'e nij konstruearre en krigen foar in grut part it hjoeddeiske oansjen. Tsjin 'e ein fan 'e 17e iuw wiene de goed bewapene muorren 820 meter lang, 10.5 meter heech en 2.8 oant 3 meter dik.

It kleaster besiet in soad grûn oan 'e westlike kant fan 'e stêd by de wei nei Uglitsj lâns en dêr ûntstiene tal fan doarpen, dy't by it kleaster hearden. It joech it kleaster in soad macht, dat sa ek jimmeroan mear ynfloed op it sosjale en ekonomyske libben fan Jaroslavl krige. It late ta mear en mear konkurrinsje fan 'e stêd mei de delsettings fan it kleaster en somtiden sels ta konflikten.

Poarte en Presintaasjetsjerke.

Yn 1747 waard yn 'e muorren fan it kleaster in Slavysk-Latynsk Seminaarje iepene, dat yn 30 jier tiid 300 studinten foarme. Oant 1875 bleau it seminaarje yn 'e muorren fan it kleaster. Dêrnei ferhuze it nei it plak dêr't no de fakulteit fan 'e geografyske wittenskip stiet.

Sellen fan 'e muontsen.

Mei it ferhûzjen fan 'e residinsje fan 'e metropolyt fan fan Rostov nei it Transfiguraasjekleaster fan Jaroslavl, waard it kleaster it wenstee fan 'e aartsbiskop. Yn 'e bibleteek fan it kleaster waard yn 'e jierren 1790 in monumint fan 'e Russyske literatuer fûn: it 12e-iuwske hânskrift fan it Igorliet. Yn 'e 19e iuw waarden noch inkelde bouwurken oan it kompleks tafoege en fûnen der noch restauraasjes of ferbouwings plak.

Nei de oktoberrevolúsje yn 1917 wie it dien mei de residinsje fan de metropolyt. It kleaster waard in museum en ûnder it Sovjet-rezjym waard tusken 1918 en 1923 in restauraasje útfierd om de gefolgen fan 'e opstân fan Jaroslavl tsjin de bolsjewiken te ferhelpen. Letter fûn der noch in restauraasje yn 1957-1958 plak. It kompleks foarmet sûnt 2005 ûnderdiel út fan it UNESCO-wrâlderfskip fan 'e binnenstêd fan Jaroslavl.

Tsjerken en gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerke fan 'e Wûnderwurkers fan Jaroslavl mei klokketoer.
  • Katedraal fan 'e Transfiguraasje fan 'e Hear (1505-1516);
  • Tsjerke fan 'e Wûnderwurkers Fjodr, David en Konstantyn (1825-1833);
  • Ferrizenistsjerke (16e iuw);
  • Hillige Poarte mei de Presintaasjetsjerke (datum bou ûnbekend);
  • Klokketoer mei de Tsjerke fan 'e Ikoan fan 'e Mem-Gods-fan-Pesjersk (16e iuw);
  • Kapel fan Tryfon, biskop fan Rostov (1830).

Oare gebouwen fan it kompleks binne û.o.: de oan de Ferrizenistsjerke oanslutende refter (17e iuw), sellen fan de muontsen (17e iuw), it seminaarje (17e-19e iuw), de sakristy (1830) meardere poarten en tuorren út ferskate tiden en de muorren mei wargongen. Yn 2010 waard it monumint fan "De eed fan prins Pozjarski" ûntbleate.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:ru:Спасо-Преображенский монастырь (Ярославль)]