Springe nei ynhâld

Transfiguraasjekatedraal (Tver)

Ut Wikipedy
Transfiguraasjekatedraal

Спасо-Преображенский собор

Lokaasje
lân Ruslân
plak Tver
adresSovjetskaja Ul, 26
koördinaten56° 51' N 35° 53' E
Arsjitektuer
boujier1689-1696
werbou: 2014-2024
sloopjier1935
Webside
sobortver.ru
Kaart
Transfiguraasjekatedraal (Tver)
Transfiguraasjekatedraal

De Transfiguraasjekatedraal (Russysk: Спасо-Преображенский собор, Spaso-Preobrazjenski sobor) is in otterdokse tsjerke yn 'e Russyske stêd Tver. It gebou is de katedraal fan it bisdom Tver en waard yn 'e jierren 2014-2024 rekonstruearre nei't de katedraal yn 1935 troch de bolsjewiken ferneatige waard.

De âlde katedraal.

De âlde katedraal út 1689-1696 ferfong eartiids in âldere stiennen katedraal út de jierren 1285-1290. De katedraal waard nei de Oktoberrevolúsje oerdroegen oan 'e parochy fan 'e Libbene Tsjerke, dy't yn 1932 opheft waard. Yn 'e nacht fan 3 op 4 april 1935 waard de 17e-iuwske katedraal yn opdracht fan 'e Sovjet-autoriteiten opblaasd. Mei de katedraal waard ek de klokketoer mei trije ferdjippingen út 1753 ferneatige.

Op it plak fan 'e eardere katedraal waard yn 1937 in parkje oanlein mei sintraal in byld fan Stalin en Lenin. Yn oktober 1941 waard dêr in Dútsk begraafplak oanlein, mar dat waard nei de befrijing fan 'e stêd wer opheft en wer as park oanlein mei yn 'e midden in monumint foar Kalinin.

Sûnt 1992 wiene der plannen om de katedraal te rekonstruearjen. Fan 'e katedraal wiene foto's, tekeningen en ôfmjittingen bewarre bleaun, sadat it mooglik wie om de tsjerke yn 'e histoaryske steat te rekonstruëarjen. Fan 'e ynrjochting wiene ek in pear ikoanen bewarre bleaun. De wurksumheden sette op 20 desimber 2014 útein en by de opgravingen waarden de fûneminten en ek dy fan 'e klokketoer werom fûn. Yn maart 2015 waard de nije fundearring foar de tsjerke stoart.

De rûge bou wie yn augustus 2019 foltôge. Op 21 july fersoarge patriarch Kirill de ritus fan 'e grutte wijing fan 'e werboude katedraal.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Спасо-Преображенский собор (Тверь)