Transfiguraasjekatedraal (Torzjok)

Ut Wikipedy
Transfiguraasjekatedraal

Спасо-Преображенский собор

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Tver
plak Torzjok
koördinaten 57° 02' N 34° 57' E
Arsjitektuer
arsjitekt Carlo Rossi
boujier 1815-1822
boustyl Empire
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 691410181320006
Kaart
Transfiguraasjekatedraal (Jeropeesk Ruslân)
Transfiguraasjekatedraal

De Transfiguratiekathedraal (Russysk: Спасо-Преображенский собор; Spaso Preobrazjenski sobor) yn Torzjok yn 'e oblast Tver yn Ruslân, is in arsjitekturaal monumint út it empire-tiidrek.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard yn 'e jierren 1815-1822 oan 'e kaai fan 'e Tvertsa boud. De doe ôfbrutsen foargonger fan 'e katedraal datearre oarspronklik út 1364 út de tiid fan 'e Republyk Novgorod. Nei alle gedachten ferfong dy tsjerke doe wer in houten gebou út 1238, dy't troch de Mongoalen yn brân stutsen waard.

De Transfiguraasjekatedraal (rjochts) mei de Tsjerke fan 'e Yntocht fan Jeruzalim (lofts).

De bou fan 'e hjoeddeiske Transfiguraasjekatedraal duorre tsien jier en sette flak foardat Napoleon Ruslân yn 1812 binnenfoel útein. Lokale histoarisy slute net út dat it ûntwurp ôfkomstich is fan de Moskouske arsjitekt Carlo Rossi.

De katedraal waard sa grut, dat it net te dwaan wie om de tsjerke winterdeis te ferwaarmjen. Om dy reden waard yn 1842 oan 'e súdlike kant fan 'e katedraal noch in tsjerke boud neffens in plan fan 'e arsjitekt Ivan Fedorovitsj Lvov, dy't wijd waard oan Jezus' yntocht yn Jeruzalim. Dy tsjerke krige ek in klokketoer, dy't nei it sluten fan 'e katedraal troch de bolsjewistyske autoriteiten ôfbrutsen waard.

De fiifkoepelige tsjerke hat oan alle fjouwer kanten portiken mei doaryske pylders yn in styl, dy't foar dy tiid karakteristyk wie. De tamboer fan 'e haadkoepel is ryk fersierd mei stúkwurk fan guirlandes tusken pilasters fan de ioanyske oarder.

Yn 1930 waard de tsjerke sletten foar de earetsjinst, plondere en ûntwijd. It eksterieur fan 'e katedraal bleau goed bewarre tanksij in restauraasje yn 'e jierren 1970, mar it ynterieur is troch it gebrûk yn 'e Sovjettiid as fabryk swier skeind en wachtet op in restauraasje. De Transfiguraasjekatedraal waard yn maaie 2018 wer iepene foar de Russysk-Otterdokse mienskip.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: