Springe nei ynhâld

Tramwei De Jouwer - De Lemmer

Ut Wikipedy
Tramwei De Jouwer - De Lemmer
Tramwei De Jouwer - De Lemmer op de kaart
Totale lingte18 km
Spoarwiidtenormaalspoar 1435 mm
Oanlein trochNTM
Iepene12 augustus 1901
Opheffing
treintsjinst
5 oktober 1947
Sluten10 juni 1968
hjoeddeistige statusopbrútsen
Elektrifisearrenee
Tal spoaren1
Trajekt
uexv-SHI2grd tramwei fan It Hearrenfean opbrútsen
uexdKBHFeuexdSTRd De Jouwer oant 1922
uexv-SHI2grd trajekt oant 1921
uexdSTRuexdBHFd De Jouwer fan 1922 ôf
uexdABZqruexdABZgrd tramwei nei Snits opbrútsen
uexHST Skarsterbrêge
uexWBRÜCKE1 Skarster Rien
uexHST Hústerheide
uexBHF Sint-Nyk
uexWBRÜCKE1 Sint-Nykster Feart
uexHST Ryksstrjitwei
uexHST Brêge Follegea
uexWBRÜCKE1 Follegeasleat
uexWBRÜCKE1 Sylroede
uexKBHFe De Lemmer
exBOOT feartsjinst nei Amsterdam opheven
De tram yn 1885

De Jouwer lei oant begjin santiger jierren fan de 20e iuw oan in frachtspoarline. It wie oarspronklik in tramwei dy't De Jouwer mei De Lemmer ferbûn; fanút De Jouwer koe men fierder reizgje nei It Hearrenfean of Snits. It spoar wie sawat 18 kilometer lang. De tramwei waard yn de begjinjierren eksploitearre troch de Nederlânske Tramwei Maatskippij (NTM), der waard riden mei steamtrams. Letter waard de tramwei eksploitearre troch de NS foar frachtferfier. Fan 1947 ôf rieden der allinnich noch frachttrams. Yn 1962 wie de maksimum snelheid 30km/oere. De tramwei waard yn 1968 sluten. Begjin jierren '70 is it spoar opbrutsen.

Dizze plakken leinen oan de tramwei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(net folslein)

  • De Jouwer
  • Skarsterbrêge
  • Hústerheide - Sint Nyk
  • Sint Nyk
  • Rykstrjitwei - Sint Nyk
  • Brêge Follegea
  • De Lemmer

Oanslutende tramwegen, dy't ek sluten binne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nijsgjirrichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It baanfek is noch hiel dúdlik werom te kennen yn it lânskip en is ek noch yn takt, mei útsûndering fan in lyts stikje yn Sint Nyk. Yn De Lemmer rint de eartiidske tramwei as in fuotpaad tusken de huzen troch; de wiken binne der omhinne boud. Mei it each op de takomstige útwreiding fan De Lemmer is besletten it baanfek yn takt te hâlden, sadat it foar de takomst feilichsteld is. Der binne ek plannen om in fytspaad op de âlde tramwei oan te lizzen.