Springe nei ynhâld

Tours

Ut Wikipedy
Tours
Hôtel de Ville
Hôtel de Ville
Emblemen
Bestjoer
Lân Frankryk
RegioSintrum-Loiredelling
DepartemintIndre-et-Loire
ArrondissemintTours
Sifers
Ynwennertal139.2589 (2023)[1]
Oerflak34.67 km²
Befolkingsticht.4.017 ynw./km²
Stêdekloft370.118 (2023)
Hichte44-109 m
Offisjele webside
www.tours.fr
Kaart
Tours (Frankryk)
Tours
Kaart
Hôtel de Ville

Tours is in stêd oan 'e Loire yn it sintrum fan Frankryk. De stêd is it haadplak fan it departemint Indre-et-Loire.

De lokaasje fan it amfiteäter op it hjoeddeiske strjittepatroan.

De stêd hat in Romeinske oarsprong en ûntstie yn 'e 1e iuw nei Kristus] as Caesarodunum oan 'e Loire. Caesarodunum waard likernôch 80 hektare grut en hie de measte bebouwing oan 'e iggen fan 'e Loire. Neffens rûzingen wennen der yn 'e bloeitiid likernôch 5000 oant 6000 ynwenners. Der stie oan 'e râne fan 'e stêd in grut Romeinsk amfiteäter fan sa'n 122 m by 94 m dat letter útwreide waard oant sels 156 m x 134 m, grut genôch foar tsientûzenen besikers. Dêrnjonken wiene der twa termale badhûzen en archeologen ha resten fan wettersystemen fûn. Caesarodunum lei op krúspunten fan âlde diken en hie teminsten ien brêge oer de Loire. Sûnt de 3e iuw kaam Galje ûnder druk te stean troch Germaanske ynfallen en Romeinske ynstabiliteit mei as gefolch dat stêden lykas Tours krompen en grutte gebouwen lykas it amfiteäter bûten gebrûk rekken. Caesarodunum feroare fan in iepen Romeinske stêd yn fersterke let-Romeinske fêsting op it plak oan 'e Loire dêr't de measte bebouwing wie. De namme Caesarodunum feroare stadichoan yn 'e namme Civitas Turonorum, dat om 360 hinne de haadstêd wie fan Gallia Lugdunensis.

Sint-Marten.

Oan it begjin fan 'e 4e iuw waard Tours in bisdom. Yn 372 waard de bekearde legioensoldaat Marten fan Tours biskop fan dat bisdom en hy stifte dêr de abdij fan Marmoutier. Hy spile in grutte rol yn it kerstenjen fan Galje en nei syn dea yn 397 waard syn grêf in wichtich beafeartsplak. Om syn grêf ûntstie in abdij en in nije delsetting westlik fan 'e âlde Romeinske kearn. De religieuze funksje waard belangriker as de klassike Romeinske stedsfunksjes. Yn 'e iere midsiuwen bleau dy twadieling lang bestean: de Cité (it eardere Caesarodunum) as sit fan 'e biskop mei it bestjoer en in defensyf karakter en Châteauneuf, dat om 'e abdij fan Sint-Marten ûntstie en fral it ekonomyske diel fan 'e stêd foarme.

De oarspronklike twadieling fan Tours.

Oare persoanen dy't in grutte rol spilen yn 'e skiednis fan Tours wienen Gregoarius fan Tours (± 538–594), de biskop en kronykskriuwer dy't Histoaria Francorum skreua, en de ferneamde gelearde abt Ealwyn fan York (±734–804), dy't in rol spile yn 'e yntellektuele Karolingyske Renêssânse fan Tours

Sûnt 845 begûnen de oanfallen fan 'e Wytsings troch lieders lykas Haesten. De stêd koe ynearsten noch in plondering tefoarren komme, mar om 850-852 farden de skippen fan 'e Wytsings wer de Loire op en doe waard ek Tours en sels de abdij fan Marmoutier plondere. Troch dy ynfallen waarden nije fersterkingen boud en útwreide.

Nei de 9e-iuwske ynfallen fan 'e Wytsings werstelde Tours him stadichoan ûnder lokale greven en biskoppen.

Lette midsiuwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd kaam yn 'e 10e oant 11e iuw ûnder ynfloed fan 'e greven van Anjou, letter de Plantagenêts (keningen fan Ingelân), meidat Anjou, Touraine en Ingelân yn ien dynasty ferienige waarden. Tours bleau in wichtich bestjoerssintrum, mar sûnder keninklike status. Yn 1205 waard Tours troch kening Filips II Augustus op 'e Ingelsen ferovere en by it Frânske kroandomein ynfoege.

De âlde stedsdielen fan Tours, de Cité en Châteauneuf, waarden yn 'e 14e iuw mei de oanlis fan nije en gruttere stedsmuorren ferienige as ien stêd.

Yn 'e 14e iuw bruts de Hûndertjierrige Kriich (1337–1453) tusken Frankryk en Ingelân út. De oarloch fersterke it belang fan Tours as in strategyske fêsting oan 'e Loiredelling. Om't Parys langer net feilich wie foar it Frânske Hôf en ek beset waard, keazen de Frânske keningen Tours as residinsje. Fral Loadewyk XI makke fan Tours it politike sintrum fan Frankryk. De stêd krige sterkere muorren, paleizen en bestjoersgebouwen. De stêd profitearre fan 'e Renêssânse en in soad keunstners, arsjitekten en humanisten setten harren yn 'e stêd nei wenjen. Ek waard Tours it sintrum fan ûnderwiis en religieuze macht, mei in wichtige rol foar de abdij fan Marmoutier en de katedraal fan Saint-Gatien.

De katolike befolking naam nei de plonderingen en byldestoarm yn july 1562 wraak op 'e protestanten troch se te ferdrinken yn 'e Loire.

Yn 'e tiid fan 'e reformaasje by de Earste Frânske Godstsjinstoarloch (1562-1563) wie Tours ien fan 'e stêden dy't yn april 1562 troch hugenoaten ynnaam waard. De protestanten holden hûs yn 'e tsjerken en de kleasters en feroarsaken dêr in byldestoarm. Se plonderen en fernielden weardefolle tsjerklike skatten en religieuze bylden. Dat soarge foar in bulte argewaasje ûnder de katolike ynwenners en doe't de katolike troepen de stêd op 11 july 1562 werom feroveren, naam de befolking wraak op 'e hugenoaten troch tsientallen finzen nommen protestanten te ferdrinken yn 'e Loire.

De stêd yn 1572.

Yn 'e iere 16e iuw ferhûze it hôf wer nei Parys en Fontainebleau, sadat Tours langer net de keninklike residinsje wie. Dêrmei ferlear de stêd oan politike betsjutting, mar it bleau in regionaal en religieus sintrum.

Tours ûndergie de feroaringen fan 'e Frânske Revolúsje lykas de rest fan Frankryk. Tsjerken en kleasters waarden ûnteigene en sletten, wêrûnder ek de abdij fan Marmoutier. De stêd waard bestjoerlik reorganisearre en op aristokratysk eigendom waard beslach lein en ferkocht.

Yn 'e 19e iuw brochten yndustrialisaasje en de komst fan it spoar in nije ympuls oan 'e ekonomy. Yn 'e Frânsk-Dútske Kriich (1870–1871) wie de stêd wer foar in koart skoft de sit fan it Frânske regear.

Yn beide wrâldkrigen spile Tours in strategyske rol. Tours lei yn 'e Earste Wrâldkriich relatyf feilich efter it front en de stêd wie in sammel- en trochfierstasjon foar Frânske soldaten dy't nei it westlike front gyngen. Ek wiede stêd in logistyk sintrum foar ferfier fan materieel en iten en dêrnjonken holp de stêd by de opfang fan slachtoffers fan it front.

Yn juny 1940 waard Tours swier troffen troch de striid en bombardeminten. Dielen fan 'e binnenstêd waarden troch de Wehrmacht yn 'e brân sketten en it dwêsten fan it fjoer wie dreech om 't ek de wetterfoarsjenningen rekke wienen. Sa baarnde in part fan it stedssintrum ôf. Fan 10 oant 13 juny 1940 ferhûze it Frânske regear nei Tours. De Assemblee Nationale siet yn it Grand Théâtre en de senaat yn it stedhûs.

Letter waard Tours ek rekke troch alliearde bombardeminten , fral om it stasjon hinne en wenwiken. Dielen fan 'e stêd waarden swier troffen en tûzenen gebouwen waarden skansearre. Op 1 septimber 1944 folge de befrijing fan 'e stêd mei't de Dútsers de stêd ferlieten fanwegen it optsjen fan alliearde troepen.

Nei de Twadde Wrâldkriich wienen der foarse útwreidingen, mar it histoarysk erfgoed bleau bewarre. Tsjintwurdich is Tours in kulturele, toeristyske en universiteitsstêd. De stêd stiet bekend om syn âlde binnenstêd mei fakwurkhûzen en de katedraal en leit yn it kastelegebiet fan 'e Loire (UNESCO-wrâlderfgoed).

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Château de Tours
  • It Château de Tours is de eardere keninklike residinsje en leit ticheby de katedraal. Hjoed-de-dei wurdt it paleis foar útstallings fan û.o. moderne keunst en fotografy brûkt.
  • Yn it eardere biskoplike paleis by de katedraal is hjoed-de-dei it Musée des Beaux-Arts de Tours ûnderbrocht, in museum foar byldjende keunst mei ien fan 'e rykste keunstkolleksjes fan Frankryk fan 'e Italjaanske iere renêssânse oant de Frânske masters.
  • De ruïnes van Hôtel de Beaune-Semblançay binne de resten fan in stedspaleis út de 15e-16e iuw.
Katedraal.
  • De Cathédrale Saint-Gatien is in goatyske katedraal dy't tusken de 12e en 16e iuw boud waard. De katedraal stiet bekend om de glês-yn-leadramen en arsjitektuer.
  • De Basilique Saint-Martin is in monumintale basilyk dy't boud waard op it begraafplak fan Marten fan Tours.
  • De Abbaye Saint-Julien is in Benediktynsk gebou fan 'e 10e oant de 16e iuw, mar de skiednis fan 'e abdij giet werom op 'e 6e iuw.
  • De Chapelle Saint-Libert is in romaanske kapel út de 12e iuw en wurdt no brûkt foar kulturele aktiviteiten.
  • Fan 'e Abbaye de Marmoutier yn Tours is net it hiele kleasterkompleks bewarre bleaun. De abdij waard yn 'e 19e iuw foar in grut part ôfbrutsen en tsjintwurdich binne fral de archeologyske resten te sjen.
  • De Rue Nationale is in histoaryske winkelstrjitte út de 15e iuw mei in soad histoaryske gevels.
  • In skildereftich plein is it Place Plumereau midden yn it âlde Tours mei fakwurkhûzen út de 15e iuw.
  • De Pont Wilson is in histoaryske brêge oer de Loire út de 18e iuw.
  • Fuort efter de katedraal lizze de resten fan it amfiteäter fan Tours.
  • De Jardin Botanique de Tours is in histoaryske botanyske tún út de 19e iuw.
  • It hjoeddeiske stasjonsgebou fan Tours waard tusken 1896 en 1898 neffens ûntwerp fan arsjitekt Victor-Alexandre Laloux (1850-1937) boud, dy't ek it ferneamde stasjon Gare d’Orsay yn Parys ûntwurp.

Untwikkeling befolking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier1793180018511876190119261946195419621982
Ynwenners 21.00020.24033.53048.32564.69577.19280.04483.61892.944132.209
Jier199920112021
Ynwenners 132.820134.633137.658


Boarnen, noaten en/as referinsjes: